Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
De Taalkaravaan op Oerol.

Noch neigenietsjend fan Oranjewoud Festival, giet de Taalkaravaan rap troch nei Oerol. By it bekende festival op Skylge is taal en meartalichheid dit jier in promininte programmaline. Mei Oerol feroaret it Waadeilân alle jierren tsien dagen yn in grut (ynternasjonaal) poadium foar teäter, dûns, strjitteäter, byldzjende keunst en muzyk. De edysje fan 2018 is fan 15 oant en mei 24 juny.

De Taalkaravaan op Oerol:

Programmaboekje:

Download: LFT Programmaboekje Taalkaravaan Oerol

Tongen
De foarstelling ‘Tongen’ begjint yn Malawi. As skriuwer/ferteller Nyk de Vries dêr in tsjerkje besiket, hear hy himsels ynienen yn tongen sprekken. Yn in frjemde gearmjuksel fan Frysk en oare talen brabbelet hy foar him út, yn it fiere lân mei syn sânpaden en houten elektrisiteitspeallen. It docht him frjemd genôch tinken oan De Westereen, it doarp fan syn mem. ‘Tongen’ giet oer de ferriederlike krêft fan ûnwennigens. Fier fan hûs wurde taal en gewoanten, dy’t dy eartiids as ûnbelangryk foarkamen, dy ynienen dierber. Nyk sjongt en draacht foar. Ûnderwilens samplet hy film en muzyk, en wit as gjin oar spanning op te bouwen út sa’t it liket ûnbelangrike, ferjitten barrens. In totaalûnderfining.
Te sjen fan 15 o/m 18 juny

Solo
It Noord Nederlands Orkest is ien fan de ferneamdste symfonyorkesten fan Nederlân. De musisy komme fan oeral op ‘e wrâld, wêrtroch’t it orkest hast fyftjin nasjonaliteiten en likefolle talen ken. Wêr’t it gewoanwei giet om it kreëarjen fan in symfony tusken dy musisy, leit ‘Solo’ krekt de klam op it yndividu. Want wa binne eigentlik dy minsken dy’t yn in orkest spylje? Musisy út Japan, Spanje, België, Dútslân, Portugal, Frankryk en Ingelân litte harren ynstrumint dit kear stean en fertelle harren persoanlike ferhaal elk yn in koarte solo. Skreaun troch trije talintfolle skriuwers en regissearre troch de teätermakker Skoft&Skiep.
Te sjen fan 20 o/m 24 juny

Redaksjelokaal
Op it UITfestival 2017 sette Frysk literêr tydskrift De Moanne in redaksjelokaal yn ‘e Prinsentún, Ljouwert. Dat wie sa’n sukses, dat it ropt om in ferfolch! It idee is ienfâldich: sawat fyftjin âlde typmasinen steane yn in ienfâldige, smûke opstelling. As besiker (jong en âld) wurdst útnûge om in tekst te skriuwen. Betûfte skriuwers/dichters stypje dy dêrby. Fan de opbringst meitsje wy in (online) publikaasje!
Oanwêzich ûnder it hiele festival

Relaxerette (6+)
De Relaxerette fan keunstner Arjan Kruidhof is in rûndraaiende ynstallaasje dy’t dy meifiert nei in oar perspektyf. Do leist yn in hingelmatte en stoarrest nei de wolkens. Do pakst dyn koptelefoan en slútst dyn eagen. Harkje nei ferhalen en lûden dy’t dyn tinzen efkes stilsette. Kies foar de twirjende wurdestream fan Marc van der Holst, de mankelikens fan Marieke Lucas Rijneveld of foar ien fan de oare ferhalen, skreaun troch Jamila Faber, Heksenhamer en Pieter van der Sman. Jolle Roelofs makke spesjaal foar de Relaxerette in muzikaal tafriel dat dy efkes út dizze grôtfolle wrâld ûntkomme lit.
Oanwêzich ûnder it hiele festival

Sanne Nouws – Het beste idee voor iedereen
De Poalske dokter Lejzer Zamenhof joech 130 jier lyn de wrâld in kado: hy ûntwikkele it Esperanto as twadde taal foar elkenien. De keunsttaal dy’t maklik te learen wie, dy’t grinzen tusken folken sljochtsje soe, mar nea hielendal trochbruts. Dochs is der noch altyd in lytse, tawijde groep folgelingen dy’t wurden betinkt foar nije fenomenen as ‘online dating’ en ‘smartphone’. Oer de hiele wrâld binne der moanlikse gearkomsten en alle jierren is der it Esperanto-wrâldkongres. Yn de foarstelling fiere wy dizze taal foar alle minsken, dy’t hast nimmen sprekt. De wei nei la Fina Venko, it momint dat elkenien inoar einlings ferstean sil, is bochtich en lang. Mar it doel is ymposant.
Te sjen fan 14 o/m 18 en 20 o/m 24 juny

Oh ratelslang geil beest
‘Oh ratelslang geil beest’ is in koarte strjitteäterfoarstelling dêr’t in lyk yn ta libben wekke wurdt troch it publyk. Yn de foarstelling wurdt troch de spilers en troch it publyk in ûndersyk dien nei mystyk, nei massa-rituelen en nei de krêft fan boartlikheid, gearwurking en wille. Under lieding fan Joost Oomen (dichter) en Willie Darktrousers (sjonger en teätermakker) wurde de taskôgers yn tweintich minuten dielnimmer fan in unyk voodoo-ritueel.
Te sjen op 16 juny en fan 18 o/m 24 juny

Eilânproza
Tsien ferskillende skriuwers moetsje op Skylge tsien markante eilânbewenners. Se prate mei inoar, de bewenners fertelle harren ferhaal. De skriuwers krije dêrtroch ynspiraasje, en skriuwe in fiktyf ferhaal. Dy ferhalen sille de eilanners sels oan dy fertelle. Wat is wier, en wat net? Wa is dy persoan, wêr asto nei harkest? Hearsto in oantinken? In persoanlike skiednis? Of gewoan in goed ferhaal?
Under it hiele festival

Fierder
De Taalkaravaan makket diel út fan twa Oerol-deirûtes: ‘Atelier Alumni’ en ‘Language no problem’. De iepeningsfoarstelling ‘Liquid Loft’ is in ko-produksje fan Oerol, Explore the North en Lân fan taal. En der binne noch mear (mear)talige produksjes te sjen.

Mear ynformaasje & kaarten
Sjoch foar mear ynformaasje oer Oerol, festivalbantsjes en tickets op de webside fan it festival.

Mear ynformaasje



De Taalkaravaan