Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taletúnfestival.

Op freed 13 april giet de twadde libbensgrutte projeksje op de Aldehou yn premjêre: ‘Weagen / Waves / Wellen’. De perfekte oanlieding foar in wykein lang Taletúnfestival, dat útein set op freedtemiddei om 16.00 oere. Alles is fergees tagonklik!

BLOKKESKEMA
Programmateksten Talentuinfestival (NL)
Facebook Evenemint


De Relaxerette
Nim plak yn in hingmatte, set de koptelefoan op en slút dyn eagen. Harkje nei ferhalen en lûden dy’t dyn tinzen foar efkes stilsette. Kies foar de twirrige wurdestream fan Marc van der Holst, de mankelikens fan Marieke Lucas Rijneveld of foar ien fan de oare ferhalen, skreaun troch Jamila Faber, Heksenhamer en Pieter van der Sman. Ek moai: de soundscape fan Jolle Roelofs. Presintearre en produsearre troch Arjan Kruidhof, Lân fan taal en Explore the North.

Muzyk
De band The Avonden omskriuwt harrensels ek wol as The Gerard Reve Song Book. By de premjêre fan de projeksje is der in live soundtrack fan Kinetophone en sjongeres Élénie Wagner. De afterparty op freed is yn Obe. Jamila Faber/Bisoe bringt Nederlânsktalige, elektroanyske muzyk. Skeve Hindoe soarget foar spannende balkanbeats!

* Bijboekt: In ymprovisaasje wêrby’t muzikant/patafysicus Jan Klug him liede lit troch de fisueel-poëtyske notaasje fan dichter/keunstner Sytse Jansma op syn poëzymasine yn Tresoar. Mear ynfo

Poëzy
Meeuw Jonge Schrijvers (14-18 jier) duellearje mei inoar by de Poetry Slam (ûnder lieding fan NK-poetryslamkampioen Daniël Vis) en litte harren toanielteksten hearre. Geart Tigchelaar, Sigrid Kingma en de Skotse dichter Rachel Plummer fertelle oer harren útwikseling op it poëzyfestival StAnza. Hoe fertaalst in Frysk gedicht nei it Skotsk en oarsom? Workshop (middeis) en ‘showcase’ (jûns). Arjan Hut makket (nei in Irakese en in Flaamske keunstner) in stedsportret fan Ljouwert. Foarpriuwke fan syn ferhaal, mei muzyk fan Wiebe Kaspers!

Films
Yn ‘Michel, acteur verliest de woorden’ folgje we Michel van Dousselaere, by wa’t yn 2014 progressive afasy ûntdutsen waard. Ynlieding troch afasy-ekspert Roelie Sijbinga (UMCG). ‘Memories wrapped in paper planes’ is in koarte film (10 min.) fan Antonia Rehnen mei soundtrack fan Kinetophone. Beide films draaie op De Bald’r. ‘De Fluisterlijn’ bringt 90 Ljouwerters close-up yn byld; in opmjitte oant 8ste Dag op 8 juli 2018. Fan sneon ôf trochrinnend te sjen as fideo-ynstallaasje yn de iepenbiere húskes fan Obe.

Teäter
Teätermakker Tjerk Ridder rûn mei syn ezeltsje in pylgergong fan Parys nei Utert. It liedt ta de (ynteraktive) foarstelling ‘Bonne Route!’ dy’t op Noorderzon yn premjêre sil gean. Op it Taletúnfestival foarfêst in try-out, mei ferskes fan de Yslânske muzikant Kristian Martinsson.

Fierder
Fryske Akademy en Afûk lansearje de Frisian MOOC, in online kursus Frysk. Iris Kroes fersoarget de muzyk by it evenemint. Yn Historisch Centrum Leeuwarden jout de dôve skriuwer Henk Betten mei help fan in tolk in lêzing oer de dôve keunstskilder Eelke Jelles Eelkema (1788-1839).

Tips

  • Op sneon fan 09.00 oant 12.00 oere live fanút MeM radio/tv programma Op & Ut fan Omrop Fryslân. Publyk is wolkom! Op snein sil de Achterhoekse wike ôfsletten wurde en set de Súd-Hollânske wike útein (programma Afûk/MeM fan 15.00-17.00 oere).
  • Yn Tresoar is op sneontejûn en sneintemiddei ‘Het Moederhuis’ (oer in Fryske froedfrou yn Seelân, rûn WOI) fan teäterselskip De Zeeuwse Komedie te sjen. Ynfo/kaarten: Tresoar.nl
  • Historisch Centrum Leeuwarden organisearret ek dit wykein ferskate (kuier)tours troch de binnestêd. Ynfo/reservearje: Historischcentrumleeuwarden.nl


Iepeningstiden fêste lokaasjes Lân fan taal yn it festivalwykein:

freed 13/4 sneon 14/4 snein 15/4
Obe 10.00-00.00 * 10.00-22.00 10.00-18.00
Tresoar 10.00-22.00 10.00-21.00 10.00-18.00
Afûk-winkel 09.30-17.30 10.30-17.00
HCL 11.00-17.00 13.00-17.00 13.00-17.00
MeM 12.00-22.00 09.00-22.00 10.00-18.00
Paviljoen Liwwadders 11.00-17.00 13.00-17.00 13.00-17.00
Gemeentehûs/DNALWD2018 08.30-17.00


*) Oant 18.00 oere regulier, dêrnei as ynfopunt en poadium



Minyfestivals 

  • 2 Febrewaris 2018 4 Febrewaris 2018
    Spreekbotenfestival Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland
  • 13 April 2018 15 April 2018
    Taletúnfestival Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland
  • 5 Oktober 2018 7 Oktober 2018
    Minyfestival #3 Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland