Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Minyfestival.

Op 5 oktober giet de lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre! Om dat te fieren nimme Lân fan taal en Explore the North dy mei yn de produksjes dy’t wy fan ’t jier makken én noch meitsje sille. Do krigest spannend nij en (net ôf) wurk te sjen, mar ek de Ljouwerter primeur fan suksesfolle produksjes as ‘Solo’ fan it Noord Nederlands Orkest, Lân fan taal en Explore the North.

Freedtejûn 5 oktober stiet yn it teken fan de premjêre fan de fjirde fideoprojeksje op de Aldehou. Ek is der dan in swingende afterparty mei dj en live muzyk yn Obe. Op sneontemiddei en sneontejûn 6 oktober sjogge wy yn de Meniste Tsjerke en Obe werom op in jier fol splinternije produksjes en ferhalen fan Lân fan taal en Explore the North: wat is der allegearre makke? En hokker produksjes binne op it stuit folop yn ûntwikkeling? Taal en meartaligens (yn alle mooglike foarmen) steane ek op dizze edysje fan it minifestival sintraal.

>> Alles is fergees tagonklik, mar kom op tiid! <<

Online programmafolder

PROGRAMMA

Projeksje #4: 1954 – We zijn er bijna
Op freed 5 oktober giet om 20.00 oere de fjirde fideoprojeksje op ‘e Aldehou fan Lân fan taal yn premjêre. De meartalige audiofisuele produksje draacht de titel ‘1954 – We zijn er bijna’ en is makke troch muzyk- en wurdkollektyf VANTA, nije media-kollektyf WERC en rapper Fresku. De projeksje is oant ein 2018 alle tongersdei- oant en mei sneintejûnen om 20.00 oere te sjen. Lês mear

VANTA live
Dit trio besteande út Vernon Chatlein (komponist/perkusjonist), Amber Nijman (sjongeres) en Juan-Carlos Goilo (spoken word artyst/teatermakker) hat Karibyske woartels en mingt ritme, klank en wurden ta in nij lûd.
fr 5 oktober, 20.45 oere (Obe) – mei Poetry Circle en dj Alex Figueira
so 6 oktober, 14.00 oere (Obe)

DJ Alex Figueira
Alex Figueira dielt mei dy de seldsume platen dy’t hy mei soarch yn Afrika, Latynsk-Amearika en it Karibysk gebiet sammele hat. It resultaat: swingende en ferrassende DJ-sets. Figueira – dy’t ûnder oare ek in platelabel (Music With Soul) en in platewinkel yn Amsterdam hat (Vintage Voudou Records) – bewiist dat dance-muzyk net allinne mar út troch de kompjûter makke beats hoecht te bestean.
fr 5 oktober, 21.45 oere (Obe)

Meindert Talma: Je denkt dat het komt (solo)
In meislepende audiofisuele trip, dêr’st yn in songen en ferteld (film) ferhaal meinommen wurdst oer de earste, foarmjende trochbraakjierren (1997-2001) fan in wat ôfwikende, noardlike outsider-muzikant en -skriuwer.
so 6 oktober, 13.30 oere (Meniste Tsjerke)

Nyk de Vries: Tongen
As skriuwer/ferteller Nyk de Vries yn Malawi in tsjerkje besiket, heart hy himsels yn tongen praten. Yn in griemmank fan Frysk en oare talen brabbelet hy foar him út. ‘Tongen’ is in literêre foardracht oer de krêft fan ûnwennigens, wêrby’t ferhalen, muzyk en film mjukse wurde.
so 6 oktober, 15.00 oere (Meniste Tsjerke)

Work in progress
Benijd nei wêr’t makkers mei dwaande binne? Genietsje dan as earste fan nagelnij ‘work in progress’! Meeuw Jonge Schrijvers bringe in earste, selsskreaune toanieltekst. Bart Breman en René Duursma (Kinetophone) jouwe dy in foarpriuwke op muzykteaterfoarstelling ‘De ballade van Omie Wise’.
so 6 oktober, 15.30 oere (Obe): De Ballade van Omie Wise
so 6 oktober, 20.30 oere (Obe): Meeuw Jonge Schrijvers

Metamorfoaze yn de poëzij
De Fryske dichters Geart Tigchelaar, Syds Wiersma, Janneke Spoelstra, Gerrit de Vries en Grytsje Schaaf jouwe mei foardrachten foarm oan transformaasje.
so 6 oktober, 16.30 oere (Meniste Tsjerke)

NNO: Solo
Yn ‘Solo’ hearst fan yndividuele musisy út it Noord Nederlands Orkest persoanlike ferhalen. It projekt is no foar it earst yn Ljouwert te sjen, nei in simmer wêryn’t it op ferskate festivals west hat.
so 6 oktober, 16.45 en 19.00 oere (Obe)

Other Words
Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden reizgje sûnt 2015 alle jierren 2 Friezen nei it bûtenlân. Karen Bies fertelt op it Minifestival oer har residinsje yn de Ierse stêd Belmullet.
so 6 oktober, 19.15 oere (Meniste Tsjerke)

Paul van Dijk: Famke fan snie
Dichter en muzikant Paul van Dijk nimt ús (mei syn muzikale freonen) mei nei in plak tusken reinbôgen en slommerdreamen. Op ‘e siik nei syn ‘famke fan snie’, it dochterke dat hy koart nei de berte ferlear. Dizze yntime foarstelling is in boeiende kombinaasje fan gedichten en muzyk.
so 6 oktober, 20.45 oere (Meniste Tsjerke)



Minyfestivals 

  • 2 February 2018 4 February 2018
    Spreekbotenfestival Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland
  • 13 April 2018 15 April 2018
    Taletúnfestival Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland
  • 5 October 2018 6 October 2018
    Minyfestival Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland