Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
13de Streektaalkonferinsje.

De 13de streektaalkonferinsje giet oer de sin en ûnsin fan taal- en dialektpromoasje. Professionals dy’t harren dwaande hâlde mei streektaalbelied, akademisy dy’t taalsosjologysk of taalkundich ûndersyk dogge en taalleafhawwers kinne hjir harren hert ophelje.

De konferinsje wurdt holden op freed 8 juny by Tresoar. Oanslutend is der op sneon 9 juny in dei fol kultuer yn de streektalen fan Nederlân yn it Talepaviljoen en de Taletún.

Wêr: Tresoar, Talepaviljoen en Taletún
Wannear: Freed 8 en sneon 9 juny 2018
Partners: Fryske Akademy, Afûk en Stichting Nederlandse Dialecten