Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Sympoasium.

Taal is prachtich, mar net foar elkenien. Foar minsken mei in taalûntwikkelingsrsteuring (Taalontwikkelingsstoornis / TOS) is taal faak gjin feest. Bern mei TOS hawwe in soad muoite mei it praten en mei it learen en begripen fan taal. Yn har harsens wurdt taal minder goed ferwurke. Dat soarget foar efterstannen en frustraasjes.


Op freedtemiddei 21 septimber fynt it sympoasium ‘TOS: als taal geen feestje is’ plak, foar professionals yn it soarch- en ûnderwiiswurkfjild. It sympoasium wurdt iepene troch Tjeerd fan Bekkum, direkteur fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Dizze middei krije de dielnimmers mear ynsjoch yn wat TOS is en wurde de lêste ûndersiken dield. Boppedat kriget elk praktyske hânfetten om ta te passen yn de klasse of op de groep.

Ynskriuwe kin fia de webside.
Lokaasje:  Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert.

Mear ynformaasje



As taal gjin feestje is