Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Projeksje #2: Weagen/Waves/Wellen.

Projeksje #2: “Weagen / Waves / Wellen”
Fan 12 april o/m 22 july
Troch: Filmmakker/muzykant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan Al Galidi en animator Antonia Rehnen.

Dit fideokeunstwurk giet oer muzyk as wichtichste taal, muzyk as poarte nei bylden, geuren en oantinkens. Sintraal stiet de konfrontaasje fan de Fryske gedichten stim fan Tsjêbbe Hettinga mei de Arabyske gedichten en stim fan Rodaan al Galidi. Ek komme Nederlânske, Dútske en Ingelske stimmen yn weagen tegearre. Multy-ynstrumintalist René Duursma, sellist Sebastiaan Wiering (tegearre part fan de band Kinetophone) en sjongeres Élénie Wagner ha de gedichten op muzyk setten en ha de soundtrack live spile by de premjêre. Sawol de gedichten as de muzyk roppe oantinkens op. Om dit te fersterkjen binne bylden út it Fries Film Archief brûkt yn de animaasje fan Antonia Rehnen.

 


Foto: Marc de fotograaf



Libbensgrutte projeksjes Âldehou