Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Projeksje #3: One of Us.

Prate wy de taal fan de natuer noch? Of hawwe wy ús ûnderwilens safier weromlutsen yn ús minskewrâld dat wy har net mear fersteane? Dy fraach, dy’t ek al de kearn foarme fan Nynke Laverman’s lêste foarstelling Wachter,  is it útgongspunt fan de tredde projeksje op de Aldehou: de poëtyske koarte film One of Us. One of Us is it resultaat fan in gearwurking tusken sjongeres/ dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma. Fan 27 july o/m 30 septimber!

‘De natuur. Ik zou er heel graag van genieten, maar ik spreek de taal niet.’ – Theodor Holman

In jonge frou dy’t op it each alles hat – in libben yn ‘e grutte stêd mei in goede baan en in leave man – is nettsjinsteande dat net lokkich. Se fielt har hieltyd minder thús yn de wrâld fan minsken en muorren. Se dreamt fan in bestean as plant, dêr’t se op in goede dei ek werklik yn feroaret.

Nynke Laverman skreau it skript, in surrealistysk ferhaal besteande út fiif ‘spoken word’ stikken yn it Frysk; in nije stap yn har wurk. Se frege de dichter Eduard Escoffet út Barcelona dêr yn syn memmetaal, it Katalaansk, op te reagearjen. It wurk fan Douwe Dijkstra is in mjuks fan film, animaasje en visual effects. Hy krige prizen oer  de hiele wrâld foar syn films, dêrûnder foar Green Screen Gringo út 2016. Foar One of Us wurke hy mei de Servyske dûnseres Dunja Jocic en de Flaamske akteur Hendrik Aerts. Sytze Pruiksma  tekene foar de driuwende muzikale skoare.

 

De film is oant en mei 30 septimber alle wiken fan tongersdei- oant en mei sneintejûn te sjen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert (útsein 9 o/m 12 augustus, 6 en 21 septimber). Yn augustus start de film om 22.45 oere, yn septimber om 21.30 oere, it lêste wykein om 21.45 oere.


Trailer

De makkers

Nynke Laverman
‘A leaf-blown shimmer of a voice’, skreau The Independent oer de stim fan Nynke Laverman. Yn 2003 ferovere se Nederlân mei har Fryske Fado. Har muzyk ûnderskiedt him troch in folslein eigen lûd, dêr’t mankelikens, poëzy en de Fryske taal yn byinoar komme. Har ynspiraasje hellet se út ûnderskate hoeken fan de wrâld. Foar it album Nomade dat út in reis nei Mongolië fuortkaam, krige se in Edison. Yn Madrid wurke se mei de ferneamde producer Javier Limón gear, dêr’t it album Alter (2013) it resultaat fan wie. Dêrmei sette se de stap nei de ynternasjonale poadia. Yn 2016 ferskynde har album Wachter. Oankommende hjerst komt der in reprize fan de foarstelling dy’t dêrby heart.

Douwe Dijkstra
Douwe Dijkstra studearre yn 2005 ôf oan de rjochting Illustration Design oan ArtEZ hegeskoalle foar de keunsten. Syn wurk is in miks fan film, animaasje en visual effects. Syn styl: byldzjend, humoristysk en sosjaal engazjearre. Yn 2014 makke hy de fideo-ynstallaasje en koarte film Démontable, dêrnei de koarte dokumintêres Voor Film yn 2015 en Green Screen Gringo yn 2016. Syn films draaie oer de hiele wrâld en krigen prizen op filmfestivals yn ûnder oare Clermont Ferrand, Glasgow, Seoul, Berlijn en Sapporo. As lid fan Collectief 33 1/3 siket hy, yn ‘e mande mei Jules van Hulst, de kombinaasje op tusken teäter en fideo en wurke hy ûnder oare mei Rosa Ensemble en Ensemble Intercontemporain gear.

Sytze Pruiksma
Dizze eigensinnige slachwurker en komponist lit him ynspirearje troch lânskippen, natuer en fûgels. Nei it konservatoarium spile hy as klassyk slachwurker by ûnder oare it Koninklijk Concertgebouw Orkest en it Nederlands Blazers Ensemble. Fierder wurke hy mei oan in soad teäterproduksjes fan Tryater, Peergroup en Orkater. Mei prof. Dr. Theunis Piersma, heechlearaar trekfûgelekology, makke hy twa muzikale lêzings: Music of Migration (2009) en Tracks (2017). Yn july giet Conference of the Birds yn premjêre, in grutte lokaasjefoarstelling dy’t Sytze yn ‘e mande mei NNT/Club Guy & Roni ûntwikkelet yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De gearwurking mei Nynke giet werom oant 2003.

Eduard Escoffet
Dizze Katalaanske dichter en kulturele opstoker út Barcelona wurket yn ferskate fasetten fan de poëzy, mar syn grutste ynteresse en fokus leit by ‘sound poetry’ en foardrachten. Hy rjochte yn Barcelona ferskate platfoarms en projekten op en wie fan 2000 oant 2004 ‘co-director’ fan Proposta, in festival fan ‘sound poetry an contemporary poetry’ yn Barcelona. Hy publisearre ferskate dichtbondels, skreau mei oan teäterteksten en brocht mei syn band Bradien twa platen út. Neist syn belutsenens yn de ‘counter-culture scene’ fan Barcelona, reizget hy foar optredens op poëzyfestivals en eveneminten de hiele wrâld oer.

De spilers
De Servysk-Nederlânske koreografe/dûnseres Dunja Jocic en de Flaamske akteur-regisseur Hendrik Aerts spylje de haadrollen yn One of Us. Donja Jocic dûnse ûnder oare by Club Guy en Roni, Ballet du Nord (Frankryk) en Emio Greco / PC. Yn 2007 makke se har earste eigen koreografy, ek produsearret se (koarte) films. Aerts heart sûnt 2017 ta it fêste ensemble fan NNT.



Libbensgrutte projeksjes Âldehou