Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Rûnlieding Tresoar troch direkteur Bert Looper.

Altyd alris witte wollen hoe’t it der by Tresoar om en ta giet? Hokker skatten der bewarre wurde yn ús argiven? Dan is dit dyn kâns. Alle woansdeis yn augustus nimt direkteur Bert Looper groepen minsken mei troch Tresoar.

Opjaan hoecht net, melde by de baly is genôch. In bûtenkâns om Tresoar fan binnenút te besjen en yn ien oere tiid in yndruk te krijen wat Tresoar betsjut foar Fryslân.

Wannear: 1, 8, 15, 22 en 29 augustus fan 11.00 oant 12.00. Dielname is fergees.



Skatkeamer fan de Fryske kultuer