Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Explore the North.

It winterske stedsfestival Explore the North bestiet fan’t jier út twa parten. Fansels it festivalwykein sels, op 22, 23 en 24 novimber. Mar Explore the North begjint al earder!

Yn de wiken foar it festivalwykein kinst in tal spannende foarstellings sjen, dêrûnder ‘Church of Ignorance’ fan Liquid Loft.

Op it programma fan it festival sels steane ûnder oaren Mauro Pawlowski & Braaknoot Ensemble dy’t in oade bringe oan Boudewijn de Groot syn fjirde album Nacht & Ontij. Ek sjochst Mark Kozelek fan Sun Kil Moon, Julia Holter, de fingerflugge pianist Lubomyr Melnyk, Annelie, Ghostpoet, de Noarske auteur Johan Harstad, Pardans, de Britske soulfolle folk fan Matthew and the Atlas, AK/DK, Jessica Moss, WWWater, L.A. Salami, Lisa Morgenstern en Tryater: Dorp Europa. Yn ‘e mande mei Stedsskouboarch De Harmonie presintearret it festival dêrneist Mechanical Ecstasy fan Club Guy & Roni en Slagwerk Den Haag. Ek Yiddish Waves wurket mei Explore the North gear en lit it nije projekt As She Sings sjen.

Op explore-the-north.nl is it hiele festivalprogramma te sjen.

 



Explore the North