Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Liquid Loft: Church of Ignorance.

Yn de prachtige Westertsjerke yn Ljouwert bringe de seis dûnsers fan it treflike Eastenrykse selskip Liquid Loft dy yn trâns mei de foarstelling ‘Church of Ignorance’.

De spektakulêre dûnsfoarstelling wurdt spesjaal oan de arsjitektuer fan de Westertsjerke oanpast. Ek wurde yn de foarstelling opnamen fan petearen mei ynwenners fan ús provinsje ferwurke. De Fryske fragminten dy’sto hearst rane gear ta in ritme. In ritme dat dy meinimt yn in mysterieuze, talige reis. Mei safolle betsjutting dat ek al ferstiest der neat fan, dochs begrypst wat der bedoeld wurdt.

Dizze ynternasjonale foarstelling wie earder fan ‘t jier al as iepening fan Oerol op Skylge te sjen en is op 15, 16 en 17 novimber alle dagen om 19:30 en 21:30 oere yn de Westertsjerke te sjen. Ticket binne te krijen fia 2018.nl en explore-the-north.nl.

“Een wonderlijk mooie, perfect uitgevoerde, voorstelling.” – Leeuwarder Courant

Yn gearwurking mei Lân fan taal, Oerol en LF2018

Mear ynformaasje



Explore the North