Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Ferhalefjoer.

Noch (ien kear) mei dyn skoalle meidwaan oan LF2018? Dat kin by de Re-Iepening, de ôfslutende moanne fan it Kulturele Haadstêd-jier. Organisearje yn ‘e wike fan 19 oant 23 novimber in eigen ferhalejûn of fertelmiddei op skoalle en heakje oan by Ferhalefjoer!

It kulturele haadstêdjier rint oer fan de ferhalen: oer ierappels, sirkusartysten, skriezen en reuzen…. Ast al dy ferhalen byinoar optelle soest, krigest in moai byld fan ús byinoar anno 2018. Mar hokker ferhalen hearre wy takom jier? En yn 2020? En dêrnei? By Ferhalefjoer sille wy mei bern op ‘e siik nei dy ferhalen.

Eigen ferhalen 
Yn ‘e wike fan 19 oant 23 novimber krigest de kâns om op skoalle in eigen ferhalejûn of fertelmiddei (by it kampfjoer) te organisearjen. Eigen ferhalen oer dingen dêr’t de lytse of grutte fertellers troch fassinearre binne. Dat kin mei ien klasse, of de hiele skoalle, mei âlden derby of mei it âldereintehûs om ‘e hoeke. Wat jimme sels aardich fine! Wy helpe dy op gong mei materiaal en in ferhalekeunstner. En wa wit, komt der in filmploech del!

It projekt kostet de skoalle gjin jild, sterker noch, it leveret wat op: ferhalefertelwille!

Sjoch, om dy op gong te helpen, yn it boek ‘Verdwalen in Verhalen – een doorlopende leerlijn verhalen vertellen’ dat heal septimber nei alle basisskoallen yn Fryslân stjoerd is.

Oanmelde skoalle!
Mear ynfo stiet op Kultuerfilter.nl



Edukaasje – Primêr ûnderwiis