Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Wurksympoasium 2018 x Underwiis.

Op woansdei 14 novimber moetsje learkrêften, kultuermakkers, keunstemakkers en beliedsmakkers inoar yn in kas ûnder de Aldehou, foar in spannend wurksympoasium. It sympoasium makket diel út fan de ‘Re-iepening’, de ôfslutende festivalmoanne fan it Kulturele Haadstêdjier. Wy ûndersykje hoe’t wy op tema’s fan LF2018 fierder bouwe kinne.

Meartaligens, mienskip, lânskip: oeral yn de provinsje binne fan ’t jier prachtige projekten ûntstien oer tema’s dy’t ús yn Fryslân nei oan it hert lizze. De enerzjy en ideeën dy’t loskommen binne, wolle wy foar it ûnderwiis fêsthâlde. Mar hoe?

Om dat mei-inoar te ûndersykjen organisearje wy op 14 novimber 2018 in wurksympoasium ûnder de titel ‘2018 x Ûnderwiis’. Op dy middei/jûn moetest oare skoallen en de keunstners en ynspirators efter LF2018. Mei-inoar ûndersykje wy hoe’t wy de ynsette beweging yn de takomst fêst hâlde kinne. En hoe’t wy ien en oar praktysk yn de klasse en mei de learlingen ynsette kinne.

Hertstochtlike redenaasje
Wy begjinne mei in hertstochtlike redenaasje fan corporate antropolooch Jitske Kramer oer it trochjaan fan de fonk. Hoe hâlde wy inoar yn beweging en hoe pakke wy troch? Kramer is sprekker, ûndernimmer, fasilitator, oprjochter fan HumanDimensions. Se is auteur fan ‘Normaal is anders’, ‘Deep Democracy – de wijsheid van de minderheid’, ‘Wow! Wat een verschil’, en ko-auteur fan ‘De Corporate Tribe’ (managementboek fan it jier 2016). Jitske Kramer reizget de wrâld oer op ‘e siik nei manieren om sterke tribes te bouwen en ûnderlinge relaasjes sterker te meitsjen. Se bringt dy kennis oer mei lêzings en masterclasses, sadat de berettens en resultaten fan yndividuën en groepen ferbettere wurdt (en de wrâld in bytsje moaier wurdt).

Njoggen rûten
Nei de iepening giet elk op ‘en paad. Unyk konsept fan dit wurksympoasium is nammentlik dat wy net yn losse workshops wurkje, mar dat der njoggen rûten binne dêr’sto mei in moderator as groep in ûnderwerp útdjippest. Wat hâldt dit ûnderwerp yn yn relaasje ta de ûnderfinings fan it ôfrûne jier? En hoe meitsje ik it praktysk? De haadtema’s binne: talintûntwikkeling (twa rûten), wurkje troch it ferbinen fan fakken (2 rûten), eigenerskip (twa rûten) & meartaligens en taalwille (twa rûten).

Foar beliedsmakkers en skoalbestjoeren is der in útdaagjende rûte oer belied en ynklusy, mei in masterclass fan Jitske Kramer oer deep democracy en ynklusiviteit.

Praktysk
Wannear: woansdei 14 novimber, 15.30-20.00 oere (ynklusyf diner)
Foar wa: learkrêften, direkteuren, keunstemakkers, amtners
Kosten: fergees
Mear ynfo/oanmelde: kultuerfilter.nl



Edukaasje – Pû en Fû