Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Performances by histoaryske filmbylden.

It Fries Film Archief presintearret yn gearwurking mei it Gronings en Drents AV Archief en Lân fan taal op it Noordelijk Film Festival in moai projekt, dêr’t makkers by oan it wurk set wurde.

Skriuwers, dichters, muzikanten en oare performers binne útnûge om yn de kolleksjes te dûken en mei ferskate taaluterings in koarte live performance ta te rieden by in sels keazen seleksje histoarysk filmmateriaal.

Sa wurdt it âlde materiaal ôfstoffe en op eigensinnige wize troch keunstners nij libben ynblaasd. De resultaten wurde presintearre yn it Neushoorn Café op de sneontemiddei fan it Noordelijk Film Festival.

sneon 11 nov | Neushoorn | 15.30-17.30 oere

Mear ynformaasje



Noordelijk Film Festival