Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Alle projeksjes op 1 jûn.

Earder fan’t jier de fideokeunstwurken op de Aldehou mist? Gjin soargen, op it Noordelijk Film Festival binne se, op 7 novimber om 20 oere, alle fjouwer noch íén kear te sjen! Dit kear steane de filmmakkers sintraal en hâlde wy nei ôfrin yn Obe in fraachpetear mei harren.

Wy begjinne mei de projeksje fan it poëtyske en surrealistyske  ‘Voorlopig land/Foarlopich lân’ fan fideokeunstner Jules van Hulst. Dichter Tsjead Bruinja en komponist Herman van Veen fersoargen de soundtrack mei gedichten en elektroanyske muzyk.

Yn de twadde film, ‘Weagen/Waves/Wellen’ fan animator Antonia Rehnen en editor René Duursma stiet de taal fan de muzyk sintraal en wurdt gebrûk makke fan dichtwurk fan Rodaan Al Galida en Tsjêbbe Hettinga, bylden út it Fries Film Archief en de muzyk fan Kinetophone mei sjongeres Élénie Wagner.

Sjongeres en skriuwer Nynke Laverman wie de driuwende krêft efter de tredde film ‘One of Us’, dêr’t it ferstean fan de taal fan de natuer sintraal yn stiet. Filmmakker en fideokeunstner Douwe Dijkstra brocht it ferhaal ta libben mei help fan akteurs Dunja Jocic en Hendrik Aerts en de muzyk fan Sytze Pruiksma.

Wy slute ôf mei de fjirde en lêste projeksje dy’t yn oktober en novimber alle wiken fan tongersdei oant en mei snein te sjen is op ‘e Aldehou. De grafyske film ‘1954 – We zijn er bijna’ is it wurk fan media art kollektyf WERC, dat foar de tematyk fan de Keninkrykstalen en de soundtrack gearwurke mei muzyk- en wurkkollektyf VANTA en rapper Fresku.

It programma is iepenbier en fergees tagonklik. De films duorje allegear sa’n 15-20 minuten. Nim benammen dyn eigen klapstuoltsje mei of plof del op de tribune fan Obe. Stop in tekkentsje yn dyn tas en wy soargje foar waarme poeiermolke en in gesellich fuorke om dy oan te waarmjen. Hast alle filmmakkers fan de projeksjes binne dizze jûn ek oanwêzich en nei ôfrin hâlde wy in Q&A (it fraachpetear) mei harren yn Obe. Wol do hjirby wêze? Meld dy dan oan fia dit formulier

> Bisto der ek by? Lit it ús witte fia Facebook. Sa bliuwsto ek op de hichte fan dit evenemint.



Libbensgrutte projeksjes Âldehou