Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Pinebúk.

De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret bysûnder arranzjemint oer dialekten yn it ramt fan LF2018. Mei fertellingen, film en de foarstelling ‘Pinebúk’, in bewurking fan  ‘De ynbylde sike’ fan Molière yn Aester dialekt.

It wykein fan 17 novimber steane de libbene Skylger dialekten sintraal op de Folkshegeskoalle. Skylge hat mar leafst trije ûnderskate dialekten: it Meslânsers, it Aesters en it Westers. It Meslânsers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, de oare Skylger dialekten hawwe it Frysk as basis. De lêzingen troch taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy gean yn op de ûntjouwing fan dy lytse talen. It programma fan twa dagen bestiet dêrneist út film, in kulturele kuier nei in einekoai en fansels it komyske toanielstik ‘Pinebúk’ troch de Aester Joonpraters.

It binne twa dagen fol taal en kultuer foar minsken mei taalgefoel en gefoel foar humor. Folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân.

Sneon 17 novimber

  • Ynlieding troch Siebren Dyk: ‘Ûntjouwingen fan lytse Fryske dialekten ûnder ynfloed fan isolemint’.
  • Eilânferhalen by de iepen hurd.
  • Jûnfoljende foarstelling Pineboek yn it Aesters.

 

Snein 18 novimber

  • Ynlieding fan Siebren Dyk oer it Meslânsers.
  • Koarte film ‘Wadden boven het Water’ fan Kees Hin. In prachtich portret fan de bewenners fan it Waadgebiet, fan ien fan de grutte Nederlânske dokumintêremakkers. Dêryn fertelt skriuwer/kritikus Jo Smit yn it Meslânsers wêrom’t er weromkommen is nei it eilân en wêrom’t er der begroeven wurde wol.
  • Op paad mei lokale grutheid ‘Flang’ troch it doarp en de Einekoai. Yn it Meslânsers fertelt er oer it libben op Skylge. Tsjin 13 oere wurdt elkenien traktearre op de ferneamde snert fan Flang dêr’t er wrâldkampioen mei wurden is.

 

> Mear ynformaasje & oanmelde



Mear aktiviteiten