Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Citybooks.

It projekt Citybooks makket portretten fan stêden oan ‘e hân fan koarte ferhalen en searjes fan 24 foto’s of bylden. Fjouwer skriuwers en twa byldmakkers binne dêrfoar in skoftke yn in stêd. Yn 2018 wie dat Ljouwert. Yn Obe en op it festival Explore the North sjochst en hearst it resultaat.

De Irakese skriuwer en filmmakker Hassan Blasim, de Vlaamske auteur Erik Vlaminck, de Ljouwerter skriuwer Arjan Hut en LaTasha N. Nevada Diggs (foto), skriuwer, stim- en lûdskeunstner út New York, dompelen harren fan’t jier yn Ljouwert ûnder en skreaune allegearre in ferhaal. Ek byldmakkers Anne Margot Stapert en Chantal Rens lieten harren ynspirearje troch Ljouwert en makken bysûndere bylden fan de stêd.

Live op Explore the North
It resultaat fan dy eigensinnige stedsportretten is fan 11 novimber oant en mei 8 desimber fergees yn Obe te sjen en te beharkjen. Nijsgjirrich nei de ûnderfinings fan de keunstners sels? Op tongersdei 22 novimber fertelle Erik Vlaminck, Arjan Hut en LaTasha N. Nevada Diggs op Explore the North live oer wat se meimakken.

Audiobook
De skreaune ferhalen wurde op it stuit yn it Frysk en Ingelsk oerset en binne letter yn 2018 fergees as audiobook te beharkjen op www.citybooks.eu. Op dy webside steane goed hûndert citybooks (fan Oostende oant Grahamstown, fan Lissabon oant Jakarta), dy’t troch reis- en literatuerleafhawwers al mear as 5,5 miljoen kear delhelle binne.

Citybooks Ljouwert is in gearwurking fan Explore the North, Lân fan taal, Vlaamsk-Nederlânsk hûs deBuren en Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Foto: Willy Somma



Explore the North