Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
DRONGO talenfestival.

It DRONGO talenfestival is it grutste talefestival fan Nederlân en Flaanderen en lûkt sa’n 2.500 taalprofessionals en -leafhawwers. Op it programma steane û.o. live wittenskip, debatten, kulturele optredens en stoomkursussen yn ferskate talen. Lân fan taal is ek fan’t jier oanwêzich mei twa presintaasjes en in ynteraktive kream fan Rijksuniversiteit Groningen.

Kream Rijksuniversiteit Groningen
fr 9 nov en so 10 nov | 10.00-17.00 oere
Rijksuniversiteit Groningen biedt it bachelorprogramma Minorities and Multilingualism oan en it masterprogramma Multilingualism. It masterprogramma kombinearret sosjale, yndividuele, ûnderwiiskundige, kulturele en histoaryske aspekten fan meartaligens yn in praktyske, op ûndersyk rjochte setting: de meartalige provinsje Fryslân. Mei ynteraktive spultsjes litte de masterstudinten sjen, wêr’t hja mei dwaande binne.

Ekspertmeeting: Meartaligens en Kulturele Haadstêden fan Europa
fr 9 nov | 14.00-15.30 oere | Groene Zaal
Meartalichheid/minderheidstaal is by de Kulturele Haadstêden fan Europa in weromkommend tema wurden. Mei Lân fan taal hat Ljouwert-Fryslân 2018 foar in hiel spesifike oanpak keazen. Yn stee fan te kiezen foar ferdjipping fan kennis en it sintraal stellen fan de eigen Fryske taal, is it programma folle mear op meartaligens en taalhâlding rjochte. Op kreativiteit, romte jaan foar eigen ekspresje en op begryp freegjen foar taalferskaat en dêr de skjintme fan sjen litte. Oan ‘e hân fan in koarte film oer de aktiviteiten fan fan’t jier en in presintaasje oer eftergrûnen en sifers sil in panel ûnder lieding fan presintatrise Marijke Roskam oer dy oanpak yn diskusje. It panel bestiet út Mirjam Günther (senior ûndersiker RAAK-PRO projekt ‘3M: Mear kânsen Mei Meartaligens”), Pepijn Reesen (projektdirekteur Taalmuseum Leiden), Sharon Unsworth (taalwittenskipper Radboud Universiteit en chief Kletskop by it Kletskoppen bernetaalfestival) en Siart Smit (programmadirekteur Lân fan taal).

Presintaasje: Lân fan taal fiert de taal, ek op skoalle
so 10 nov | 11.00-12.00 oere | Groene zaal
‘Taal is dyn ekspresjemiddel’ is it útgongspunt by de edukative kant fan Lân fan taal. En dy yngong leveret kreativiteit en romte op. Wy keazen yn 2018 foar in yntegrale oanpak met in programma dat rjochte is op taalhâlding en taalwille. Ferbûn mei keunst- en kultuuredukaasje troch Kultueredukaasje mei Kwaliteit. Wy rjochtsje ús benammen  op de dosinten en learkrêften. En betinke mei harren en foar harren aktiviteiten dy’t by de skoalle, it team en de learlingen passe. En wy meitsje moai, meartalich materiaal mei betsjutting dat de learkrêft frij ynsette kin en nei eigen (kearn)doel en tema oanpasse kin. Projektlieder edukaasje Anne Graswinckel dielt op feestlike wize mei de oanwêzigen de ideeën, de yntegrale oanpak mei in soad ynstellings én de entûsjaste reaksjes út it ûnderwiis wei.

Besykje de webside fan DRONGO talenfestival & bestel kaarten
Tip: Mei de koade: DRONGO/FRYSLÂN2018 bestelle jo fergees yntreetickets

Mear ynformaasje



Mear aktiviteiten