Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Ambysjes as UNESCO City of Literature: Literature in translation.

Ferhalen fertelle en literatuer skriuwe of lêze yn in minderheidstaal binne ûnderdiel fan ús DNA. Taal en literatuer wiene ek in wichtich ûnderdiel fan it LF2018-programma. Wy wolle dêr in duorsume doelstelling fan meitsje, ferfrissele mei ús takomstplannen en belied, dat ek takomstige generaasjes de fruchten dêrfan plôkje kinne. As UNESCO City of Literature wolle Ljouwert en Fryslân ynvestearje yn:

  • it literêre klimaat;
  • sosjale ynklusiviteit, ûnder oare foar beheinde taalfeardigens en meartaligens;
  • ynternasjonalisearring.

It is de wei nei in iepen en ynklusive literêre mienskip. Wy wurde dêrtroch motivearre om ús grinzen op te sykjen: fan literatuer yn in minderheidstaal nei meartalige, tagonklike literatuer.
De takenning fan de titel UNESCO City of Literature iepenet ynternasjonale doarren ta:

  • ynternasjonale gearwurkings, in nije blik op ússels en ús skiednis en it omearmjen fan ús meartalige ynwenners;
  • nije poadia foar en it op ‘en nij wurdearjen fan literatuer yn minderheidstalen;
  • de kâns om de kennis fan it ûntsluten fan minderheidstalen oer te dragen oan oare stêden yn it netwurk;
  • it koördinearjen fan útwikselings (projekten, skriuwers en oersetters) tusken de ûnderskate stêden – los fan de besteande residinsjeprogramma’s;
  • de sichtberens fan Ljouwert/Fryslân yn in ambisjeus ynternasjonaal netwurk.

Op lokaal nivo binne wy better by steat om:

  • taalbarriêres oer te brêgjen troch (literêr) oer te setten;
  • minsken mei in beheinde taalfeardigens te beheljen by literatuer en it belibjen fan taal;
  • skriuwers en oersetters te stypjen yn harren profesjonalisearring;
  • literatuer yn te setten foar stedsfernijing en toerisme.

Troch taal (alle talen!) foar oaren te ûntsluten, soargje wy derfoar dat:

  • elk him sjoen en heard fielt;
  • alle identiteiten – dy’t nau mei taal en literatuer gearhingje – in stim krije;
  • it boadskip fan skriuwers – sy dy’t foarútstribjende ideeën, nije tinkbylden en identiteit ferwurdzje kinne – oerset, ferspraat en fuortsterke wurdt.