Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Boekeman – Eigen tekst as kâns.

Boekeman is in fluïde, ynklusyf ûndersyk nei taalferriking troch keunst. It strykt as sirkus del yn klasse, doarp, wyk, doelgroep of festival. Dit meartalige projekt is koart (festival) of langrinnend (skoalle/wyk) en ûndersiket (art based) hoe’t eigen ferhalen in brêge nei literatuer binne. Ynspirators sette in groep oan om eigen ferhalen te fertellen of te skriuwen. De teksten wurde troch dielnimmers mei skriuwers nei literêre foarmen ferdjippe. Dy krije in útwurking yn poëzy, boek, film, teäter, spoken word. Boekeman hat in fêste wurkstruktuer, wêryn’t oer in tema ynput út de groep helle wurdt en dat yn in oare foarm getten wurdt. Dy struktuer wurdt yn in lange line kreatyf skriuwe konservearre.

Foar jong en âld, beheind taalfeardich en heechbejeftige, taalearm en taalryk, nijkommer en âld rôt. Troch op grûn fan ferbûnens gear te wurkjen nei in produkt dêr’t se grutsk op binne en dat oer harrensels giet, is de ferwachting dat de doelgroep empowerment ûnderfynt en makliker de wei nei literatuer fynt. It projekt bringt ferskate partners byinoar, lykas festivals, biblioteken, skoallen, skriuwers, Tryater, Keunstwurk, KEK en produksjehûs Explore the North.