Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Creative writing programme.

It Creative Writing Programme is in oerkoepeljend programma foar skriuwtalint út Fryslân. It programma biedt skriuwers de mooglikheid om harren yn ferskate sjenres en op ûnderskate nivo’s te ûntwikkeljen. It Creative Writing Programme is bedoeld om in aktyf skriuwersklimaat te fêstigjen, mar ek om talintfolle skriuwers de gelegenheid te jaan harren fierder te profesjonalisearjen. Op it stuit binne de neikommende organisaasjes ree de krêften te bondeljen:

  • Produksjehûs Explore the North begeliedt jonge auteurs en makkers by it útfieren en yn de merk setten fan meartalige, literêre projekten mei ynterdissiplinêr karakter. It produksjehûs beskikt oer in eigen poadium (jierliks festival Explore the North) en in breed lokaal en ynternasjonaal netwurk fan oare poadiums. It produksjehûs begeliedt jonge professionals yn it skriuwen fan proaza, poëzy, spoken word en de keunst fan it essayistysk skriuwen, mar ek by it multydissiplinêr (gear)wurkjen.
  • Tryater beskikt oer in opliedingstrajekt foar talintfolle, Frysktalige toanielskriuwers.
  • Meeuw Jonge Schrijvers is in foaroplieding literêr skriuwe, opset troch produksjehûs Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers. De kursus is foar jonge skriuwers tusken de 14 en 18 jier âld en rjochtet him op it skriuwen fan proaza, poëzy, spoken word en toanielteksten. Nei de foaroplieding kinne talinten trochstreame nei it produksjehûs of ien fan de oare partners fan it Creative Writing Programme.
  • New Noardic Wave is in mediaplatfoarm foar skriuwers, regisseurs, foarmjouwers, komponisten en produsinten. Sy stypje ûnder oare skriuwers by it senarioskriuwen en it meitsjen fan teksten foar mediaproduksjes.
  • Iepen Up organisearret maatskiplike events en fersoarget wykliks in talkshow oer maatskiplike ûnderwerpen, dêr’t ek altyd dichters en auteurs by behelle wurde. Iepen Up sil talintfolle sjoernalisten opliede, mei in fokus op literêre sjoernalistyk.
  • Dichter bij Leeuwarden is in literêr platfoarm dat him konsintrearret op de urban scene: sy biede in poadium, moetingsplak, begelieding en skriuwworkshops oan opkommend literêr talint op it mêd fan poëzy, rap en spoken word.
  • De Afûk en Tresoar binne literêre kennissintra dy’t taallessen en kursussen kreatyf skriuwe yn it Frysk oanbiede.

It Creative Writing Programme bondelet de ûnderskate literêre sjenres en ekspertizes, en foeget dêr yn alle lagen de komponint oersette oan ta. Literêr oersette en nauwe gearwurkingen tusken skriuwers en oersetters wurde in essinsjeel ûnderdiel fan it skriuwersprogramma.

Yn it ramt fan it dielen fan kennis en meartaligens behelje wy it netwurk fan City of Literature by it jaan fan gastlessen, masterclasses en oersetworkshops.