Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Fisk.

Produksjehûs Explore the North en The World Fish Migration Foundation (partner fan UNESCO Wadden Sea World Heritage) wurkje gear oan in meartalich literatuerprojekt oangeande in grutte trochbraak yn it werombringen fan fiskmigraasje.

Yn 2022 wurdt de earste permaninte fiskmigraasjerivier fan ‘e wrâld oanlein, dwers troch de Ôfslútdyk, by Koarnwertersân. Miljoenen fisken, lykas seeforel, iel, spjirring en de njoggeneach lizze dêr no foar de spilslûzen te wachtsjen. De rivier makket it mooglik dat dy fisken fia de Rijn wer nei de binnenlannen fan Europa trochswimme kinne, wêrtroch’t de fiskstân, mar ek de fûgelpopulaasje en de flora yn ‘e omkriten, wer in kâns krije.

Produksjehûs Explore the North set yn gearwurking mei de WFMF in ynternasjonaal keunstprojekt op, dat ferhalen ophelje sil fan de Waadsee ôf, lâns de IJssel en de Rijn, fan Skylge oant Switserlân. Mei in reizgjend selskip fan skriuwers en keunstners helje wy ferhalen op fan minsken dy’t oan de migraasjerûte wenje: wat betsjut it weromkommen fan de fisken foar harren en harren fermidden en hoe sjogge sy de takomst fan harren leeffermidden? Wy wurkje gear mei lokale skriuwers en keunstners en mei ferskate festivals en stêden op de rûte: begjinnend op it Oerol Festival op Skylge, lâns Deventer op Stelten, Wintertuin (Arnhem), fansels ek Heidelberg (UNESCO City of Literature) en Mannheim (UNESCO City of Music) en in soad oaren, oant BuchBasel. It doel fan dat projekt is om bewustwurding oangeande ús wrâlderfgoed te kreëarjen, mar dan wol bottom up: troch ús yn de lokale ferhalen te ferdjipjen. Dat is ek in goede manier om keunst en befolking tichter byinoar te bringen.