Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
International residency programme.

It residinsjeprogramma koördinearret, fasilitearret en bringt skriuwers yn kontakt mei lokale keunstners, kennisbanken, erfgoed en befolking.

Ûnderskate organisaasjes yn it literêre fjild organisearje alle jierren ynternasjonale útwikselingsprogramma’s foar skriuwers: yn de stêd, mar ek yn de provinsje. It residinsjeprogramma koördinearret dy inisjativen, sadat der in sintrale gearwurking ûntstiet. Ek organisearret it programma nije inisjativen. Dêrneist soarget is programma foar gearwurking mei de besteande residinsjeprogramma’s fan it Letterenfonds en de hjoeddeistige Cities of Literature.

Lokaasjes foar residinsjes binne op it stuit:

  • Ljouwert stêd – lokaasjes binnen it Lân fan taal, dêr’t alle kennissintra foar literatuer binne.
  • It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, bertehûs fan de grûnlizzer fan de Fryske taal en literatuer.
  • Skriuwersarkje, wenarke yn natuergebiet Alde Feanen.

Residinsjes wurde oan oersetters keppele en oarsom. Dat betsjut dat oersetters nau gearwurkje mei bûtenlânske skriuwers dy’t hjir residearje, mar ek dat sy sels ûnderdiel binne fan útwikselings nei it bûtenlân.