Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Love letters to europe.

Love Letters to Europe is in keunstynstallaasje út City of Literature Edinburgh. Brieven oer de Brexit, skreaun troch seis ûnderskate auteurs, binne yn projeksjes omset. Lân fan taal organisearre yn 2018 in ferlykber projekt mei projeksjes op de Âldehou, dy’t meartaligens as ûnderwerp hiene. Foar dy projeksjes waarden tekst, byld en lûd mei-inoar kombinearre.

Ljouwert en Edinburgh bringe harren ûnderfining, keunstners en publike romte byinoar yn in projekt dat in antwurd foarmet op de Love Letters út Edinburgh, mar dan yn in bredere Europeeske kontekst. Fryske en Skotske skriuwers wurkje dêrfoar gear.