Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Storyvalley.

StoryValley is in inisjatyf fan mediaplafoarm New Noardic Wave yn gearwurking mei ûnder oare meartalich produksjehûs Explore the North en manifestearret him yn novimber 2019 foar it earst as in festival foar makkers. Yn de jierren dy’t folgje sil StoryValley him nasjonaal en ynternasjonaal profilearje as duorsume, kreative hotspot dêr’t literatuer, storytelling, ynnovaasje en ambacht mei-inoar mank geane.

Organisaasjes, makkers en bedriuwen yn StoryValley ûntwikkelje ynnovative nije ferhalen en ferhaaltechniken. Eksperimintearje mei nije byldtalen en nij technologysk ark en wurkje oan nije manieren om ferhalen te ûntsluten en yn omtinken te bringen. Yn ‘e mande mei ûnderskate partners, lykas opliedings, kultuerynstellings en museums sille wy de regio yn de merk sette as in gebiet dêr’t makkers yn alle rêst harren ferhalen ûntwikkelje en produsearje kinne. In plak mei skriuwershúskes, start up incubators, goede ‘story’-relatearre opliedings (fan basisûnderwiis oant HBO), in storytelling fûns, filmstudio’s yn lege skuorren, ensfh.

StoryValley wol oer fiif jier in brûzjend, yn eigen ferlet foarsjend en duorsum ekosysteem wêze dat kreatyf talint oanlûkt, orizjinele en risikofolle projekten ûndernimt dy’t it Fryske lânskip, de ferhalen, de taal en talint oer de grinzen bringt.