Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
LJouwert UNESCO City of Literature as ferbinende faktor.

As tarieding op de kandidaatstelling as UNESCO City of Literature is in soad praat mei alderlei minsken út it Fryske ‘literêre fjild’. Skriuwers en lêzers, minsken dy’t út namme fan besteande ynstituten en organisaasjes praten, ynteressearren. Dy petearen blieken bûtengewoan weardefol en entûsjamearjend. Ek kaam dêrút nó al de wearde fan in mienskiplik inisjatyf nei foaren: de koppen waarden byinoar stutsen foar in dielde ambysje: de literatuer yn Fryslân bloeie litte.

Yn it antwurd op de fraach nei de takomst fan de literatuer yn Fryslân die bliken dat al dy minsken, nettsjinsteande de ûnderskate eftergrûnen, it opfallend iens wiene. De earste en grutste needsaak is gearwurking tusken de ûnderskate partijen dy’t harren mei literatuer dwaande hâlde. Net konkurrearje, mar inoar oanfolje en by inoar oanslute. Dêryn sil in oerkoepeljend orgaan as City of Literature in wichtige taak ferfolje.

Dêrneist kaam in tal dielde ambysjes oan de oarder, dy’t yn de plannen foar de oanmelding opnommen binne. Profesjonalisearring is dêr ien fan: it bieden fan hânfetten oan talintfolle skriuwers, mar ek oan professionals yn de (literatuer)edukaasje. Der wurde bygelyks troch ûnderskate partijen ûnderskate skriuwkursussen oanbean, yn ûnderskate literêre sjenres. Mar wa docht wat, en hoe moat in aspirant-skriuwer efterhelje by wa’t hy/sy syn/har ambysjes it bêste ûntwikkelje kin, op it goede nivo? It Creative Writing Programme (yndied: in ynternasjonale namme) hat as doel dy lossteande inisjativen te keppelen en sa ek de lakunen te ûnderfangen (en op te lossen).

Der waard ek útsprutsen dat der ferlet fan fysike romte is: foar it meitsjen, moetsjen, útwikseljen. Sa ûntstie it idee foar in oerkoepeljend residinsjeprogramma, foar lokale skriuwers en skriuwers fan bûten, wêrby’t it kontakt mei de goede kennissintra en publyk maklik lein wurde kin. Ek dêrfoar jildt: gearwurking en kennisdieling binne kaaiwurden. Der binne nammentlik al ûnderskate skriuwershuzen (de wenarke fan Rink van der Velde bygelyks), en der binne ynternasjonale útwikselingsprojekten (lykas Other Words). It soe fantastysk wêze wannear’t in gastskriuwer dy’t fia Tresoar binnen komt, oare skriuwers moetsje kin fia RIXT of Poetry Circle 058, ûndersyk dwaan kin mei help fan de Fryske Akademy en syn resultaten op Explore the North presintearje kin. Der binne fansels in hiel soad oare trajekten mooglik, ôfhinklik fan it soarte skriuwer, it soarte projekt en it soarte ûndersyk dat derby heart. Gastfrijheid en mei-inoar wurkje oan in sa konstruktyf mooglik, ynklusyf skriuwersklimaat is – neffens it fjild – ien fan de wichtichste doelstellings foar de takomst.

De projekten dy’t yn de oanmelding opnommen binne, foarmje mar in part fan de ideeën en inisjativen dy’t der binne. De skoalskriuwers steane der net yn, of de ambysjes fan Dichter by Leeuwarden. Poesie International, de ferskate plannen fan de Skriuwersboun, The Parthenon Projekt en in soad oare ideeën dy’t der binne, dêr’t inisjativen en partijen harren faak by ferienigje kinne.

Ek sille der noch in soad ideeën bykomme, want it fjild is folop yn beweging en der binne sûnder mis plannen dy’t by de earste ferkenningstochten noch net boppe tafel kommen binne. De yn de oanmelding beskreaune plannen binne dan ek gjin bastion dat oare ideeën útslút: it binne de earste stappen, in begjin.