Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
In literêre tiidline fan Fryslân.

16 AD
Albinovanus Pedo, Romeinsk kavaleryoffisier en dichter, beskriuwt yn in epos in militêre ekspedysje fan Germanicus yn it waadgebiet, dêr’t in fragmint fan bewarre bleaun is.

100 AD
De Romeinske histoarikus Tacitus beskriuwt de Friezen yn syn Annales en syn Germania.

10e iuw of earder
Beowulf, Âld-Ingelsk epos, beskriuwt û.o. in oarloch tsjin de Friezen.

7e t/m 9e iuw
Kerstening fan de Friezen; leginden of libbensbeskriuwings fan hilligen yn it Latyn.

12e en 13e iuw
Stichting fan inkelde tsientallen kleasters yn de Fryske lannen; abten spylje in liedende rol yn polityk en kultuer; it meast yllústere foarbyld is Emo fan Wittewierum, dy’t in wichtige kronyk yn it Latyn skreau.

13e iuw
It âlde Fryske rjocht wurdt yn it Frysk opskreaun; wetsteksten út in orale tradysje, begelaat troch teksten dy’t de bysûndere frijheid en privileezjes fan de Friezen legitimearje.

1485
Freeska Landriucht, om edysje fan Âldfryske wetten, is it âldste printe boek yn it Frysk.

earste helte 16e iuw
Binnen twa generaasjes ferdwynt it Frysk hast hielendal as skriuwtaal.

16e en begjin 17e iuw
Humanist scholars (Humanistyske wittenskippers) fine de skiednis fan Fryslân op ‘en nij út yn ferskate (foar in part mytyske) kroniken yn it Latyn en it Nederlânsk.

1585
Oprjochting Universiteit fan Frjentsjer; fan dat stuit ôf wurde der yn Fryslân boeken printe, stimulâns foar akademyske kultuer, dêrûnder gelegenheidspoëzy yn û.o. it Frysk.

1602
Musica Miscella, in bondel fan de Ljouwerter musikus en komponist Jaques Vredeman, befettet de âldst bewarre lietteksten yn it Frysk.

1603-1666
Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer. De Friesche Rymlerije (1668) jildt as it wichtichste wurk. Yn de achttjinde iuw bleau it stil om Japicx hinne. Earst yn de njoggentjinde iuw libbe de belangstelling foar syn wurk wer op. Yn 1823 wie der in grutte Japicx-betinking.

17e en 18e iuw
Frysktalige rymkes en komyske dialogen ferskine yn almenakken.

1685-1766
Tiberius Hemsterhuis, heechlearaar Gryksk yn Frjentsjer, taalkundige en literêr kritikus.

1755
Jan Althuysen bringt in folsleine oersetting fan de Psalmen yn it Frysk út, mei ynstimming fan de protestantske tsjerke (earst begjin 20ste iuw wurdt it Frysk yn liturgy, preken en Skrift brûkt).

1731-1804
Simon Stijl, dichter, toanielskriuwer en publisist (yn it Nederlânsk); dokter yn Harns.

1742-1826
Everwinus Wassenbergh, heechlearaar yn Frjentsjer, pionier yn de wittenskiplike bestudearring fan it Frysk en it Nederlânsk.

1827
Oprjochting Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde.

1790-1859
Rinse Posthumus, dûmny yn it doarpke Waaksens, set inkelde stikken fan Shakespeare oer yn it Frysk.

Lêsbiblioteken ‘t Nut
In soad ôfdielings yn Fryslân fan de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen hawwe lytse lêsbiblioteken, besteande út boeken fan leden en soms ek fan net-leden.

1844
Oprjochting Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse.

1852
Oprjochting fan de Provinciale Bibliotheek van Fryslân.

1860-1914
Winterjûnenocht mei û.o. Waling Dijkstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.

1903
Publikaasje Afke’s Tiental troch Nynke fan Hichtum (ps. Sjoukje Bokma de Boer Nes, 1860 – Hilversum, 1939). Har libben waard ferfilme troch de op ‘e Lemmer berne sineast Pieter Verhoeff (Nynke, 2001).

1910
Skriuwer en politikus Piter Jelles Troelstra (Ljouwert, 1860 – Den Haag, 1930) bondelet syn poëzy yn Rispinge (‘Oogst’). Nei him wurdt de Piter Jellespriis yn Ljouwert neamd. Nyk de Vries krige koartlyn dizze priis foar syn roman Renger, dy’t yn it Nederlânsk en yn it Frysk ferskynde.

1916
Jan Jacob Slauerhoff (Ljouwert, 1898 – Hilversum, 1936), ien fan de wichtichste Nederlânske dichters, giet út Ljouwert wei om yn Amsterdam genêskunde te studearjen. Hy befart as skipsdokter de wrâldseeën, mar komt altyd yn Fryslân werom.

1917
Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert, 1953), skriuwer en oersetter, rjochtet it earste Frysk-literêre tydskrift op: Frisia.

1923
Kurt Schwitters makket in Holland Dada toer en treedt yn Fryslân op mei de Fryske Dada-artysten Thijs en Evert Rinsema. Yn it gedicht ‘Die zute tute’, dat jier yn it tydskrift Merz ferskynd, nimt hy inkelde regels yn it Frysk op.

1934
Terug tot Ina Damman fan de yn Harns berne Simon Vestdijk (Harns, 1898 – Utrecht, 1971) ferskynt. Dêryn figurearret as wichtichste personaazje Anton Wachter, dêr’t in wichtige literêre priis yn Nederlân nei ferneamd is, dy’t ienris yn ‘e twa jier yn Harns útrikt wurdt.

1938
De Fryske Akademy, wittenskiplik ynstitút foar de stúdzje fan Fryslân en har taal, skiednis, kultuer en literatuer, wurdt oprjochte.

1942
Titus Brandsma (Oegekleaster, 1881 – Dachau, 1942), roomsk-katolyk pryster, karmelyt, oprjochter fan skoallen en sjoernalistyk fernijer en oertsjûge bestrider fan it nasjonaalsosjalisme, stjert yn kamp Dachau.

1947
Obe Postma (Koarnwert, 1868 – Ljouwert, 1963), dichter, wis- en natuerkundige en histoarikus, kriget as earste de Gysbert Japicxpriis, noch hieltyd de wichtichste literêre priis yn Fryslân.

1951
Op 16 novimber fan dat jier rûn in rjochtsaak tsjin dichter, skriuwer en sjoernalist Fedde Schurer (Drachten, 1898 – it Hearrenfean, 1968) út yn rebûlje, fanwegen jierrenlange frustraasjes oer in gebrek oan belied foar it Frysk, benammen yn it ûnderwiis en de rjochtspraak.

1956
Dichter Pieter Boskma (Ljouwert, 1956) wennet alwer desennia yn Amsterdam, mar dizze Amstelfries (begryp dat er sels betocht hat) lit syn berteplak en Fryslân noch geregeld yn syn poëzy weromkomme. Wurk fan him waard troch Theun de Vries nei it Frysk oerset.

1959
Oprjochting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, yn 2002 opgien yn Tresoar.

1964
Op 22 juny ferstjert skriuwer Havank (Ljouwert, 1904 – 1964) yn Hotel Amicitia yn Ljouwert. Hy wie der berne en liet him kenne as ien fan de meast suksesfolle misdiedskriuwers fan Nederlân. Yn Dekemastate yn Jelsum, dêr’t hy faak tahâlde, is in lytse permaninte eksposysje oan syn wurk wijd.

1964
De Nederlânske auteur Gerard Reve (1923 – 2006) fêstige him foar inkelde jierren yn Fryslân (Greonterp) en skriuwt dêr inkelde fan syn wichtichste wurken.

1970
In bytsje nei model fan De Bezige Bij wurdt troch Fryske skriuwers de Koperative Utjowerij oprjochte.

1983
De skriuwers/sjoernalisten Michaël Zeeman (Marken, 1958 – Rotterdam, 2009) en Geart de Vries (Feanwâldsterwâl, 1956) rjochtsje de Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden op en biede, 25 jier lang, alle jierren in programma foar lanlik bekende mar ek Frysktalige auteurs.

1990
Histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar kriget de Fuks-collectie, mei 3000 bannen dêrûnder âlde Hebriuwske drukken fan foar 1800.

1992-2001
Fryske Klassiken, klassike Fryske romans en ferhalebondels op ‘en nij útjûn.

1993
Nederlân is foar it earst Schwerpunt op de Frankfurter Buchmesse. Dat betsjutte tagelyk it ynternasjonale trochbrekken fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga (Burchwert, 1949 – Ljouwert, 2013).

1993
Stichting Poëzietableaus publisearret Het metrum van de voetstap, by gelegenheid fan in poëzytablo dat boargemaster John te Loo oanbean krige. Ûnderwilens binne goed 50 fan dy poëzytablo’s yn de strjitten fan Ljouwert werom te finen.

1996
Geert Mak (1946) publisearret Hoe God verdween uit Jorwerd, biografy fan in Frysk doarp, oer it teloargean fan de boerekultuer.

1999
Skriuwer en sjoernalist Hylke Speerstra (Tsjerkwert, 1935) hat sukses mei It wrede paradys, in boek fol besiele ferhalen fan Fryske emigranten. Hast syn hiele oeuvre ferskynde yn it Frysk en yn it Nederlânsk.

2000
Bekroane berneboeke-auteur Lida Dijkstra (it Hearrenfean, 1961) skriuwt yn it Frysk likegoed as yn it Nederlânsk. Yn 2000 wurdt se foar it earst mei eare neamd op de IBBY-Honourlist foar Wolken fan wol/Wachten op Apollo.

2002
Skriuwers Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) en Meindert Talma (Surhústerfean, 1968), beide skriuwe yn it Frysk likegoed as it Nederlânsk, hâlde op mei harren tydskrift De Blauwe Fedde (1996-2002) en rjochtsje harren op harren literêre wurk en harren muzyk.

2005
Theun de Vries (Feanwâlden, 1907 – Amsterdam, 2005), skriuwer, sjoernalist en oersetter, ferliet al jong Fryslân, mar de Fryske literatuer en Fryslân soe hy nea út it each ferlieze. Yn 1964 krige hy de Constantijn Huygensprijs.

2009
Anita Terpstra (Hallum, 1974) debutearret as misdiedauteur yn it Nederlânsk mei de roman Nachtvlucht. Har wurk ferskynt ûnderwilens yn ferskate talen.

2011
Explore the North is in nij festival yn Ljouwert. It programma rjochtet him op muzyk, literatuer en poëzy oangeande skriuwers en muzikanten dy’t harren woartels yn de noardlike kultuer hawwe.

2013
Skriuwer, dichter en oersetter Atte Jongstra (Terwispel, 1956), skriuwt it Fryske boekewikegeskink. Yn 2016 kriget hy de Constantijn Huygensprijs.

2014
Boekebal foar lêzers wurdt foar it earst yn Ljouwert organisearre.

2016
Nederlân en België binne gastlân op de Buchmesse yn Frankfurt. Fryslân presintearret har spesjaal, mei in eigen kream en optredens fan skriuwers en dichters.

2017
Eeltsje Hettinga wurdt ein 2017 as earste dichter fan Fryslân (2018-2019) beneamd.

2018
Yn 2018 is Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa en in dat ramt wurdt Lân fan taal oprjochte: in frijsteat foar álle talen en literatueren fan de wrâld, wêryn’t taal ûnmjitlik is. Lân fan taal iepenet yn datselde jier de doarren fan taalbelibbingssintrum OBE, in permanint besikerssintrum.

2019
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974), twatalich dichter, wurdt yn Nederlân beneamd ta Dichter des Vaderlands.

2020
Lida Dijkstra, berneboeke-auteur, wurdt ynstallearre as de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur.