Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Meartalich Ljouwert-Fryslân, in koarte skiednis.

De provinsje Fryslân makket diel út fan it Koninkrijk der Nederlanden as ien fan de tolve provinsjes, mei Ljouwert as haadstêd. Der wenje goed 650.000 minsken yn Fryslân.

Wat dit gebiet ûnderskiedt fan it oare part fan Nederlân, is benammen de Frysk taal (Frysk). It grutste part fan de ynwenners is wend om twa of mear talen neist inoar te brûken. Neist it Nederlânsk is ek it Frysk (beheind) de bestjoerstaal.

De measte ynwenners fan Fryslân fersteane de taal (97%), hast trijefearns praat Frysk en foar goed fyftich prosint is Frysk de earste taal. Likernôch twatredde fan de befolking kin Frysk lêze, mar mar in fearns kin nei eigen sizzen ek Frysk skriuwe.

Neist Frysk en Nederlânsk binne der yn Fryslân ûnderskate (troch it Frysk beynfloede) Nederlânske dialekten yn gebrûk: it Stedsfrysk (Liwwadders), it Biltsk en it Stellingwerfsk. Yn al dy talen wurdt yn Fryslân literatuer skreaun.

Yn Ljouwert wenje in soad ûnderskate etnyske groepen en wurde ferskate Arabyske, Aziatyske en Súd-Amerikaanske talen praat.

Frysk

It Frysk is in Germaanske taal, yn ‘e mande mei it Dútsk, Ingelsk en Skandinavysk. Yn syn âldste stadium wurdt it ta it West-Germaansk rekkene, dêr’t ek it Âldheechdútsk, it Âldsaksysk, it Âldnederlânsk en it Âldingelsk ûnder falle. Binnen it Germaansk hat it Frysk de measte oerienkomsten mei it Ingelsk. It Frysk is yn de achtste iuw as selsstannige taal werkenber en wurdt yn trije perioaden yndield: Âldfrysk, Mid(del)frysk en Nijfrysk.

Hoewol’t it Frysk histoarysk sjoen nau besibbe is oan it Ingelsk, ûntwikkele it him op folslein oare wize: de taal bleau lyts en in soad praters fan de taal binne tsjintwurdich trijetalich: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Friezen hawwe lykwols ek in iuwenâlde skriuwtaaltradysje, wêrby’t de Fryske taal himsels hieltyd wer op ‘en nij útfûn en stadichoan in eigen literatuer opboude. Yn it lêste fearns fan de njoggentjinde iuw bruts de Fryske taal definityf troch as primêre drager fan de Fryske identiteit en yn de tweintichste iuw naam de literatuer in hege flecht.