Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Literêre tydskriften.

Fers2
Fers2 ferskynt ienris yn ‘e fjirtjin dagen op ynternet. Fers2 rjochtet him op Fryske literatuer en dêrneist beljochtet Fers2 de Fryske en ynternasjonale ûntwikkelings yn de literatuer. Ek ûndersiket Fers2 út wikseljende perspektiven wei de sosjale en politike kontekst dêr’t de tekst yn ûntstien is.

Ensafh
Ensafh is in Frysk literêr ynternettydskrift. Om de trije dagen ferskine nije bydragen. Op ensafh.nl binne gedichten, ferhalen, columns, literêre kritiken en essays te lêzen. Op papier ferskynt ensafh seis kear yn ’t jier.

de Moanne
de Moanne is in Nederlânsk- en Frysktalich tydskrift foar literatuer en kultuer yn Fryslân. Op ynternet ferskynt trije kear wyks in bydrage. Op papier ferskynt de Moanne sân kear yn ’t jier.