Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Wat betsjut it om lêzer yn Fryslân te wêzen?.

Neist it skriuwen wurdt ek it lêzen hieltyd mear in aktiviteit dy’tst mei oaren dielst. Dat wol net sizze dat it dy weromlûken mei in boek foarby is: foar in soad lêzers is dat noch hieltyd de earste stap by it ‘konsumearjen’ fan literatuer. Boeken keapje of liene kin folop yn Ljouwert, en de echte literator kin syn of har hert ophelje yn de argiven fan Tresoar.

Mar de died fan it lêzen is net de lêste, of iennige stap. Fryslân hat in soad lêsklups, dêr’t lêzers ûnderfinings diele kinne. Dêrneist binne der hiel wat mooglikheden om literatuer mei-inoar te ûndergean: op in festival, fia Omrop Fryslân (Iepen Up live hat bygelyks altyd in poëtyske bydrage, mar tink ek oan de boekbesprekkings op ‘e radio), sinjearsesjes by boekhannel Van der Velde of auteurslêzings fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Dat is fansels mar greep út de eveneminten en gearkomsten dy’t yn it Fryske literêre fjild organisearre wurde.

Lêze begjint fansels mei lêzen léare. Lêze en taalfeardigens binne net eat dat fanselssprekkend is. Hoewol’t de omgong mei taal foar hast alle ynwenners yn Fryslân in grutte rol yn it deistich libben spilet, is beheinde taalfeardigens foar in part fan de ynwenners in probleem. Dat giet net allinne om de Nederlânske taal. In part fan de Friezen kin hiel goed Nederlânsk lêze en skriuwe, mar hat as it om it Frysk giet in beheinde taalfeardigens. Lokkich binne der op it stuit ek in soad inisjativen om taalfeardigens, meartaligens en it lêzen te befoarderjen. Meartaligens en translanguaging drage by oan it mear bewustwêzen fan de taal (language awareness). Dêrneist binne der ek sosjaal emosjonele foardielen. It draacht by oan in persoanlike identiteitsûntwikkeling, respekt foar en belutsenens nei inoar, iepenheid nei oare talen en kultueren, dy wolkom fiele (ynklusiviteit). KEK, IMO en Centrum Meertaligheid binne foarbylden fan inisjativen dy’t dêr folop wurk fan meitsje.