Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Wat betsjut it om skriuwer yn Fryslân te wêzen?.

Profesjonele skriuwers yn Fryslân binne alsidich. In soad wurkje foar de lokale media en litte harren op ûnderskate poadiums sjen en hearre. Yn it Frysk, mar ek faak yn it Nederlânsk. Hieltyd faker profilearje sy harren op ynternasjonaal nivo. Eeltsje Hettinga bygelyks, Dichter fan Fryslân yn 2018 en 2019, makket fan al syn gedichten altyd daliks in Ingelske oersetting, sadat syn wurk tagonklik is foar in grut publyk.

Ek meitsje auteurs ynternasjonale kontakten troch oan útwikselingsprogramma’s diel te nimmen, lykas Other Words. Dichter Geart Tigchelaar fytst syn poëzy sels letterlik de wrâld yn, foar it projekt Cycling out of Poverty. Skriuwers wurkje dêrnei hieltyd faker gear: mei inoar, mar ek mei keunstners út oare keunstdissiplinen.

Fansels wurde skriuwers noch hieltyd publisearre en útjûn. De Afûk wurket mei sukses oan de promoasje en fersprieding fan it wurk fan Fryske auteurs yn binnen- en bûtenlân. Mar in boek is by lange nei net it iennige doel fan skriuwerskip. Yn Fryslân, dêr’t de orale tradysje fan it fertellen fan ferhalen noch altyd yn it DNA sit, is in skriuwer ek samler fan ferhalen en nau ferbûn mei syn of har gehoar. De poëzy – in libben sjenre yn Fryslân – lient him ek goed foar publike optredens en tapassings. Skriuwers binne yn Fryslân sichtber: net allinne yn Ljouwert, mar mei tank oan de ferskate inisjativen fan ûnder oare FERS, ek yn de provinsje.

Ljouwert rjocht him mei de plannen foar UNESCO City of Literature op it fasilitearjen en profesjonalisearjen fan skriuwers. In oerkoepeljend Creative Writing Programme, wêrby’t skriuwers harren meartalich en ynterdissiplinêr ûntwikkelje kinne, en in ambisjeus residinsjeprogramma, sadat skriuwers harren wurk oan in grutter publyk sjen litte kinne, binne in pear fan de inisjativen. Mear oer de takomst fan de literatuer yn Fryslân lêst hjir.