Lân
fan
taal

Sykje as bern nei aktiviteiten mei trefwurd 

bern

Spesifyk foar bern.

Iepening Taletún & Talepaviljoens

Wednesday 14 March 2018


Yn it Peaskewykein is it sa fier, in nij part fan Lân fan taal wurdt offisjeel iepene yn de Prinsetún fan Ljouwert! Elkenien kin aanst genietsje fan de Taletún mei de twa nije paviljoens MeM – Livingroom of Languages fan de Afûk/BUOG en paviljoen ‘Liwwadders’ fan Historisch Centrum Leeuwarden mei partner DNALWD2018. Ek de Aldehou is fan freed […]

Edukaasje – Primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Taaltoer

Haadprogramma

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Sjong! Zing! Sing!

Byprogramma

Wat is der no moaier as sjonge yn ‘e klasse? Yn it Frysk, in oare taal of sels meartalich? Skoallen en klassen skriuwe yn 2017-2018 in eigen liettekst, oer harsels en harren omjouwing, en dogge dêrmei audysje foar in talintejacht yn maaie. As warming up wurde skoallen útnûge om mei te sjongen by de offisjele […]

Meeuw Jonge Schrijvers

Byprogramma

Meisto graach foar it poadium skriuwe? En stiest der dêrnei ek graach op om (mei oaren) dyn eigen poëzy, ferhaal of foarstelling oer it fuotljocht te bringen? Goed nijs: do kinst no les krije fan de bêsten!

Obe – Besikerssintrum Lân fan taal

Haadprogramma

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: Obe. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Taletún

Haadprogramma

De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Bliuw op de hichte