Lân
fan
taal

Sykje as dosint nei aktiviteiten mei trefwurd 

Edukaasje – Primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Sjong! Zing! Sing!

Byprogramma

Wat is der no moaier as sjonge yn ‘e klasse? Yn it Frysk, in oare taal of sels meartalich? Skoallen en klassen skriuwe yn 2017-2018 in eigen liettekst, oer harsels en harren omjouwing, en dogge dêrmei audysje foar in talintejacht yn maaie. As warming up wurde skoallen útnûge om mei te sjongen by de offisjele […]

Taletún

Haadprogramma

De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Ekspedysje Amelân

Nei it fertelfestival yn maaie stiet der noch mear op programma fan Ekspedysje Amelân! Yn ‘e simmer fan 2018 kinst alle brodzige woansdeitemiddeis yn ‘e musea fan it Amelân komme om te harkjen nei – meartalige – ferhalen. Seis ynternasjonale fertellers hawwe harren ynspirearje litten troch it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat. […]

Bliuw op de hichte