Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei city of literature programma mei trefwurd 

Creative writing programme

Ûnderskate organisaasjes wurkje gear om skriuw- en oersettalint út Fryslân ekstra kânsen te bieden. Sa wurde jonge skriuwers en sjoernalisten oplaat, auteurs en oersetters begelaat by projekten en wurde der (fer)taallessen oan young professionals oanbean.

Love letters to Europe

Wy breidzje graach fierder op in ynstallaasje mei deselde namme dy’t diel útmakket fan Edinburgh City of Literature, wêrby’t teksten omset wurde nei projeksje. Ek Ljouwert-Fryslân hat in soad ûnderfining mei literêre (en meartalige) projeksjes, as ûnderdiel fan Lân fan taal yn 2018. De kennis fan beide stêden wurdt kombinearre ta in moai, meartalich ferfolch.

Boekeman

Boekeman strykt as sirkus yn in klasse, doarp, wyk of op in festival del. By dit meartalige projekt ûndersykje wy (oan de hân fan tema’s en mei keunst as basis) hoe’t eigen ferhalen in brêge nei literatuer foarmje kinne. Sintraal stiet it respekt foar en it ûntsluten fan de memmetaal fan elk. It resultaat: in […]

FISK

Fan 2022 swimme fisken út de Waadsee wei fia de dan realisearre fiskmigraasjerivier (de earste yn ‘e wrâld!) frij Nederlân en – fia de rivieren – Europa yn. En oarsom. In prachtige oanlieding foar in ynternasjonaal projekt, wêrby’t skriuwers en oersetters minsken besykje dy’t lâns de migraasjerûte wenje. In gearwurking mei lokale keunstners en stêden […]

Residinsjeprogramma

Dit programma koördinearret besteande en ûntwikkelet nije inisjativen, wêrby’t skriuwers en oersetters yn kontakt komme mei keunstners, kennisbanken, erfgoed en ynwenners oer de grins. Fryske skriuwers en oersetters geane op reis en yn Fryslân (yn stêden en yn de natuer) ferwolkomje wy harren kollega’s út oare lannen. Der is spesjaal omtinken foar nijkommers yn Nederlân.

Story Valley

Fryslân as duorsume, kreative hotspot dêr’t literatuer, storytelling, (technyske) ynnovaasje en ambacht hân yn hân geane. Alles om talen en ferhalen op in nije manier te ûntsluten. De manieren om dat te dwaan binne hiel ferskillend. Fan skriuwershûskes, opliedings en in storytelling fûns oant aktiviteiten wêrby’t bygelyks oan podcasts en vlogs wurke wurdt.

Bliuw op de hichte