Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei city of literature programma mei city of literature - ynternasjonaal 

Love letters to Europe

Wy breidzje graach fierder op in ynstallaasje mei deselde namme dy’t diel útmakket fan Edinburgh City of Literature, wêrby’t teksten omset wurde nei projeksje. Ek Ljouwert-Fryslân hat in soad ûnderfining mei literêre (en meartalige) projeksjes, as ûnderdiel fan Lân fan taal yn 2018. De kennis fan beide stêden wurdt kombinearre ta in moai, meartalich ferfolch.

FISK

Fan 2022 swimme fisken út de Waadsee wei fia de dan realisearre fiskmigraasjerivier (de earste yn ‘e wrâld!) frij Nederlân en – fia de rivieren – Europa yn. En oarsom. In prachtige oanlieding foar in ynternasjonaal projekt, wêrby’t skriuwers en oersetters minsken besykje dy’t lâns de migraasjerûte wenje. In gearwurking mei lokale keunstners en stêden […]

Residinsjeprogramma

Dit programma koördinearret besteande en ûntwikkelet nije inisjativen, wêrby’t skriuwers en oersetters yn kontakt komme mei keunstners, kennisbanken, erfgoed en ynwenners oer de grins. Fryske skriuwers en oersetters geane op reis en yn Fryslân (yn stêden en yn de natuer) ferwolkomje wy harren kollega’s út oare lannen. Der is spesjaal omtinken foar nijkommers yn Nederlân.

Bliuw op de hichte