Lân
fan
taal

Sykje as kultuerfan nei eveneminten mei trefwurd 

As taal gjin feestje is

Byprogramma

Taal is prachtich, mar net foar elkenien. Foar minsken mei in taalûntwikkelingssteuring (Taalontwikkelingsstoornis / TOS) is taal faak gjin feest. Bern mei TOS hawwe in soad muoite mei it praten en mei it learen en begripen fan taal. Yn har harsens wurdt taal minder goed ferwurke. Dat soarget foar efterstannen en frustraasjes.

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

Haadprogramma

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Poetry Circle 058

Byprogramma

Poetry Circle is in lanlik platfoarm foar skriuwende performers en performende skriuwers. Sûnt 2016 is der ek yn Ljouwert in Circle, mei poppodium Neushoorn as útfalsbasis. Dat is ek it plak dêr’t op sneon 7 july de jierlikse, lanlike Poetry Circle manifestaasje is. Dêr kinst dy as besiker te’n goede dwaan oan performances en foarstellings […]

Bliuw op de hichte