Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei festivals mei poëzy 

festivals

Festival aktiviteiten

The Sea! The Sea!

Byprogramma

Yn 2018 lûkt Lân fan taal troch de provinsje Fryslân mei it reizgjende festival de Talekaravaan. Yn Harns heakket de karavaan oan op de Tall Ships Races. Yn it programma-ûnderdiel The Sea! The Sea! wurdt de universele taal fan de see fongen.

Minyfestivals

Haadprogramma

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

De Taalkaravaan

Haadprogramma

Fan ’t simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei sterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten fuort mei in ryk (muzyk)programma, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It karavaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei?

Explore the North

Byprogramma

Explore the North is in stedsfestival dat de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt. In winters wykein fol muzyk en ferhalen om dy oan te waarmjen. Do swalkest troch in spinneweb fan tsjerkjes en steechjes en fynst dêr muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear.

© Saskia Wagenvoort

Yiddish Waves

Byprogramma

Bolleboos, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit stiiffol Jiddyske wurden. Dat is net sa raar, want de Jiddyske kultuer fielt him by útstek yn oare kultueren thús. Dêrfan komt it dat Yiddish Waves fan ‘t jier it festivaltema ‘Heymishkeyt’, Jiddysk foar ‘dy thús fiele’, hat. It multykulturele festival, dêr’t elk wolkom is, is […]

Bliuw op de hichte