bern
Spesifyk foar bern.

Edukaasje – Primêr ûnderwiis
Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Jongereinfoarstelling Karawane
Haadprogramma
“Jolifanto bambla ô falli bambla”. Huh?! Wat? Is dit Spaansk of Afrikaansk? Nee, it binne de earste twa rigels út Karawane, in 100 jier âld klankgedicht fan de Dadaïst Hugo Ball. Hugo en oare Dada-dichters skreaunen dit ‘lûd fan ûnlogika’ om ús ris oars nei de dingen sjen te litten. Te lústerjen.