
As taal gjin feestje is
Byprogramma
Taal is prachtich, mar net foar elkenien. Foar minsken mei in taalûntwikkelingssteuring (Taalontwikkelingsstoornis / TOS) is taal faak gjin feest. Bern mei TOS hawwe in soad muoite mei it praten en mei it learen en begripen fan taal. Yn har harsens wurdt taal minder goed ferwurke. Dat soarget foar efterstannen en frustraasjes.

1ste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres
Haadprogramma
In kongres as in taalmenu mei mear gongen, dêr’t taalkundigen en minsken mei niget oan taal graach de tosken yn sette: dat klinkt goed! Alle dagen komt in oar tema oan bod. Wat mear gongen, mei oare wurden dagen, wat mear lagen!