Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei lesmateriaal mei trefwurd 

Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam

In healwize meartalige musical foar groep 8, mei elektryske GiTaal, dêr’t de misbegripen dy om de earen fleane en dêr’t al dy Meartaliaanske bern ek noch yn mei bepale meie hoe it begjint/ôfrint/gaos. Skreaun en komponearre troch Peter Sijbenga en fergees te downloaden/brûken troch alle skoallen, as kadootsje fan Lân fan taal!

Edukaasje – Pû en Fû

Neist in fergese Taal-Kit binne der mear eveneminten en programma’s dy’t foar sawol it primêr as it fuortset ûnderwiis geskikt binne.

Edukaasje – Primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Sjong! Zing! Sing!

Byprogramma

Wat is der no moaier as sjonge yn ‘e klasse? Yn it Frysk, in oare taal of sels meartalich? Skoallen en klassen skriuwe yn 2017-2018 in eigen liettekst, oer harsels en harren omjouwing, en dogge dêrmei audysje foar in talintejacht yn maaie. As warming up wurde skoallen útnûge om mei te sjongen by de offisjele […]

Potatoes go Wild

Byprogramma

Bisto dy der bewust fan hoe wichtich bouboeren foar dyn deistich iten binne? De Biltske ierappelwiken litte dat útdruklik sjen mei ûnferwachte en literêre projekten en eveneminten. In prachtich ûnderdiel is in poëtyske útwikseling mei Malta. De haadstêd Valletta is ek Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018.

Lân fan Taal-Kit: freegje ‘m no oan!

Moandei 17 July 2017


Yn hiel 2018 fiere wy de taal mei fergees tagonklike aktiviteiten, foarstellings en keunstwurken yn Ljouwert en Fryslân. It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan en de leafde foar taal. Der binne in soad aktiviteiten, ek op skoallen sels.

Obe – Besikerssintrum Lân fan taal

Haadprogramma

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: Obe. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Taletún

Haadprogramma

De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Taal-billboards troch bern

Haadprogramma

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen: : IKC Aventurijn, obs Eestroom, IKC de Kinderkoepel, obs De Plataanschool, cbs Prins Mauritsschool, IKC Trianova en cbs Willem Alexanderschool.

Bliuw op de hichte