
Stimmen: wittenskip (lêzingen)
Haadprogramma
Yn 2018 organisearje Ryksuniversiteit Grins en Lân fan taal seis kear in populêrwittenskiplike lêzing, wêrby taal sintraal stiet. Hieltyd op tiidsdeitejûn fan 20.00-21.00 oere yn Obe. Fergees tagonklik, mar oanmelde is wol ferplicht.

De binnentún fan de Fryske Akademy
Haadprogramma
Yn de – gewoanlik sletten – binnentún fan de Fryske Akademy bloeie moaie taalinisjativen. Do kinst hjir kilometers Fryske wurden sponsorje litte. En fan oarsprong Fryske bisten fine, of yn elts gefal hearre hoe’t sy yn ús taal krûpt binne. Ek kampearje hjir al dy talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurden en ûntdeksto wat (âlde) […]

Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages
Haadprogramma
Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen MeM yn de Prinsetún. By MeM is it binnendoar krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

Skatkeamer fan de Fryske kultuer
Haadprogramma
“Sssstt…! Yn Tresoar flústeret de tiid.” Foar wa’t sjen en harkje wol, is Tresoar mei al har stimmen fan hjoed de dei en út it ferline yn dokuminten, films, foto’s en boeken, in slypstien fan gedachten, in boarne fan ynspiraasje en in masine fan oantinkens op folle toeren. ‘The place to be’ foar alle kultuer- […]

Stimmen fan Fryslân
Haadprogramma
Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, – kenners en dosinten!