Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 

Libbensgrutte projeksjes

Moandei 15 Jannewaris 2018


[PARSEBERJOCHT] – Yn 2018 is de Aldehou it dekôr foar libbensgrutte projeksjes. Fjouwer kear giet in multydissiplinêr, meartalich fideokeunstwurk yn premjêre. Lân fan taal, grut programmaûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, hat dêrta opdracht jûn oan fjouwer ferskate kombinaasjes fan Fryske en oarstalige komponisten, taalkeunstners, muzikanten, filmers en fideokeunstners. Ûnder harren binne Herman van Veen, Rodaan Al Galidi en Tsead Bruinja. Troch op it plein krêftige projektoaren en speakers del te setten, wurdt […]

Talint fan Talant op Obe

Moandei 8 Jannewaris 2018


Op sneon 27 jannewaris, yn it iepeningswykein fan LF2018, trede talinten fan Talant op taalpoadium Obe op. Koar mei slachwurkgroep Syncoop bringt it Talant-Kulturele Haadstêd-liet ‘Wij maken er een feestje van’, Ronald Varwijk draacht syn gedicht ‘Talent’ foar en Kayleigh Kuypers bringt in aria.

Jonge skriuwers litte harren kenne as wiere wurdkeunstners!

Tongersdei 14 Desimber 2017


Skriuwe, skriuwe, skriuwe. Lân fan taal, Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North jouwe in oantal jonge, entûsjaste skriuwers de kâns om fan twa besiele dosinten alles te learen oer it meitsjen fan teaterteksten, proaza en poëzy.

edukaasje |   nijs |  

Lân fan taal en KEK2 presintearje Taal-Kit

Tongersdei 7 Desimber 2017


Tegearre mei Kultueredukaasje mei Kwaliteit 2 (KEK2) presintearren wy op 7 desimber yn Teater Snits de Taal-Kit. Alle basisskoallen yn Fryslân krije dizze moanne de meartalige kit. De feestlike presintaasje is wer in stap fierder op it mêd fan kultueredukaasje foar de provinsje Fryslân.

Obe bliuwend poadium foar taal en literatuer

Woansdei 6 Desimber 2017


[PARSEBERJOCHT] Taalbelibbingssintrum Obe is woansdeitemidje 6 desimber oerdroegen oan de Stichting Behear Provinsjale en Buma Biblioteek Fryslân. Dêrmei is wis dat Obe ek nei 2018 in wichtich kultureel sintrum bliuwt. 

Wy sykje frijwilligers foar OBE

Tiisdei 28 Novimber 2017


Begjin 2018 iepenje wy yn it hert fan Lân fan taal op it Aldehoustertsjerkhôf in gloednij gebou, taalbelibbingssintrum OBE. Wy sykje no frijwillige gasthearen en frouwen dy’t yn de perioade fan 2 febrewaris oant 1 desimber beskikber binne. 

Socht: ferhalenfertellers foar it iepeningswykein LF2018

Moandei 27 Novimber 2017


Op 26 jannewaris 2018 smyt de hiele provinsje Fryslân de doarren iepen. Yn musea, op bysûndere lokaasjes en miskien wol by jimme thús yn de wenkeamer treffe minsken inoar yn winterwaarme sfear om nei ferhalen te harkjen. Histoaryske ferhalen, mar ek de ferhalen fan no. In grizelich ferhaal of krekt ien mei in romantysk slot.

Gedichtynstallaasje op Explore the North

Tiisdei 21 Novimber 2017


Fan freed 24 oant en mei sneon 25 novimber is de 5e edysje fan Explore the North. It festival brûkt de binnenstêd fan Ljouwert as poadium foar skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs út alle wynstreken. Lân fan taal traktearret de besikers op meartalige flarden út it spesjaal foar Lân fan taal troch Maarten van der Graaff skreaune gedicht ‘De dei dat it argyf iepengong’.

nijs |  

Op taaltoer troch Ljouwert

Tongersdei 9 Novimber 2017


Taalleafhawwers kinne fan tongersdei 16 novimber ôf alle tredde tongersdeis fan de moanne yn Ljouwert harren gerak krije. Lân fan taal en Explore the North organisearje dan de Taaltoer: in tocht-mei-gids fan twa oeren troch Ljouwert, dy’t yn it teken stiet fan in spesifyk taalfenomeen. Op 16 novimber stiet it sosjolekt sintraal: de taal dy’t […]

nijs |  

Subsydzje mienskipprogramma Lân fan taal beskikber

Tiisdei 3 Oktober 2017


Organisaasjes kinne fan 4 oktober oant en mei 1 novimber 2017 wer in oanfraach foar it mienskipprogramma fan Lân fan taal yntsjinje. It subsydzje is foar op it publyk rjochte produksjes op it mêd fan meartaligens beskikber. Mei it subsydzje wol de provinsje Fryslân fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en/of it Frysk […]

nijs |  

Nij inisjatyf foar jonge skriuwers

Tiisdei 3 Oktober 2017


Meeuw Jonge Schrijvers is in nij inisjatyf fan Meeuw Jonge Theatermakers yn gearwurking mei Lân fan Taal/Explore the North. De ambysje is om in nije generaasje jonge skriuwers mei Fryske roots op te lieden. Op snein 1 oktober binne twa klassen úteinset mei dielnimmers dy’t om ’e fjijrtjin dagen les krije.

nijs |  

Spraakapp werkent ôfkomst Fryske brûker

Tongersdei 21 Septimber 2017


De Rijksuniversiteit Groningen (RUG) en Lân fan Taal ha op 20 septimber, tegearre mei Omrop Fryslân, in app lansearre dy’t bepale kin wêr’t de (Fryske) brûker weikomt. Oan de hân fan spraakopdrachten analysearret de app oft de útspraak past by Klaaifrysk, Stedsfrysk, Stellingwerfs of ien fan de oare farianten dy’t de Fryske taal ryk is.

nijs |  

Lân fan taal nei it DRONGO talenfestival

Woansdei 20 Septimber 2017


It DRONGO talenfestival stiet foar de doar. Op freed 29 en sneon 30 septimber fan 10.00 oant 17.00 oere stiet it Beatrixgebou fan de Jaarbeurs yn Utert hielendal yn it ramt fan taal. Lân fan taal is dêr fansels by! Wy litte alfêst wat sjen fan de projekten dy’t wy ûntwikkelje foar oankommend jier, as wy mei Ljouwert-Fryslân kulturele […]

Alve ekstra mienskipsprojekten Lân fan taal

Tongersdei 24 Augustus 2017


Yn de twadde subsydzjeperioade fan Lân fan taal binne alve meartalige mienskipsprojekten honorearre. Se wurde dêrmei opnommen yn it iepen programma fan Lân fan taal. Yn de ôfrûne perioade hawwe 25 projekten in oanfraach dien. Der binne sân gruttere projekten honorearre. Fjouwer lytse projekten krije in subsydzje.

community-art |   nijs |  

Lân fan taal op UITfestival 2017

Woansdei 23 Augustus 2017


In 2018 worden in Leeuwarden en Fryslân met Lân fan taal alle talen van de wereld gevierd. Met vele activiteiten, voorstellingen en kunstwerken in stad en provincie. UITfestival 2017 op zondag 3 september kent al een mini-vrijstaat voor talen. Verschillende instellingen laten hier zien wat zij in 2018 gaan doen. Er is een meertalig podium […]

Lân fan Taal-Kit: freegje ‘m no oan!

Moandei 17 July 2017


Yn hiel 2018 fiere wy de taal mei fergees tagonklike aktiviteiten, foarstellings en keunstwurken yn Ljouwert en Fryslân. It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan en de leafde foar taal. Der binne in soad aktiviteiten, ek op skoallen sels.

Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

Freed 14 July 2017


Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn […]

Explore The North en Lân fan taal presintearre Kop & Schaduw op WTTV

Tongersdei 13 July 2017


Welcome To The Village (WTTV) makket hjoed harren keunstprogramma bekend en dêrmei is it festivalprogramma kompleet! Ûnderdiel fan dit keunstprogramma is ûnder mear de ynstallaasje “Kop & Schaduw” fan it Grafisch Atelier Friesland, presintearre troch Explore The North en Lân fan taal.

Wy bouwe OBE

Tiisdei 11 July 2017


Lân fan taal bout OBE op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. OBE is in ynteraktyf besikerssintrum foar taalbelibjen, ûntwurpen troch arsjitekt Powerhouse Company. Boubedriuw Lont is ferantwurdlik foar de bou fan OBE. Wy folgje it proses op de foet mei in rige fan alve koarte filmkes troch Eduard Rekker en Johannes Keekstra.

Lân fan taal op Europeesk poadium

Freed 9 Juny 2017


Lân fan taal stie fan ‘e wike as foarbyldprojekt fan LF2018 op de aginda fan in ynternasjonale konferinsje yn Soraga, Itaalje, organisearre troch de NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity).

Poëzyjûn fol humor

Tiisdei 16 Maaie 2017


Op tongersdei 1 juny fynt ‘de Poëzieavond’ plak yn it kafee fan Neushoorn. It is de earste aktiviteit dy’t Lân fan taal en Explore the North yn in gearwurking organisearje. Foar ‘de Poëzieavond’ wurkje se ek noch mei De Optimist, in online kultureel magazine en in platfoarm foar begjinnende makkers. Op it programma stean jonge dichters en musikanten mei in soad talint. It tema: humor. De tagong is fergees.

Taalproblemen as ynspiraasje foar teater

Tongersdei 11 Maaie 2017


Op woansdeitejûn 17 maaie 2017 bringe meiwurkers fan Nivo Noord en tal fan oare amateurspilers yn de lytse seal fan Tryater in reprize fan ‘Heldere taal’. Mei dit lichte stik oer taal(problemen) wurkje de spilers op buoartlike wize oan har taalfeardigens. De besletten foarstelling is in gearwurking fan biblioteek Ljouwert, Bibliotheek Service Fryslân en Nivo Noord, en wurdt stipe troch Lân fan taal.

Nije ronde subsydzjeregeling iepen programma

Tiisdei 25 April 2017


Foar it útfieren fan in kulturele produksje op it mêd fan meartaligens, kin subsydzje oanfrege wurde! De regeling giet iepen fan 1 maaie 2017 ôf oant 31 maaie 2017.

nijs |  

Meartalige oankundiging fan berte OBE

Woansdei 19 April 2017


OBE is de definitive namme foar de Taalekspo op it Âldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it sintrum foar taalbelibjen. Deputearre Sietske Poepjes makke dat hjoed yn de Âldehou bekend, by in meartalige ôftraap fan Lân fan taal.

Regels op strjitte & projekten ferbylde

Moandei 3 April 2017


Op 19 april 2017 wurdt bekend wa’t de oannimmer is fan it nije gebou op it Âldehoustertsjerkhôf. Fan no ôf oan kinst Lân fan taal al tsjinkomme. Ús ‘regels’ dûke op by de gebouwen fan Lft-partners, op billboards en yn ‘e Ljouwerter Krante.

nijs |  

Bliuw op de hichte