Lân
fan
taal

Sykje as frysktalige nei nijs mei trefwurd 

Feest fan taal!

Tuesday 9 October 2018


Hiel 2018 is Lân fan taal al in frijsteat foar álle talen fan de wrâld. Wy fiere de taal mei – meastentiids fergees tagonklike – festivals, projeksjes, eksposysjes en aktiviteiten. Lân fan taal is ek ûnderdiel fan de Re-Opening fan LF2018 en hat in moai programma yn novimber!

Programma Minyfestival kompleet

Thursday 27 September 2018


Op freed 5 oktober giet de 4e en lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre. Om dit te fieren organisearje Lân fan taal en Explore the North in minyfestival op 5 en 6 oktober. Besjoch no it fergees tagonklike programma!

Wy sykje frijwilligers foar OBE

Tuesday 28 November 2017


Begjin 2018 iepenje wy yn it hert fan Lân fan taal op it Aldehoustertsjerkhôf in gloednij gebou, taalbelibbingssintrum OBE. Wy sykje no frijwillige gasthearen en frouwen dy’t yn de perioade fan 2 febrewaris oant 1 desimber beskikber binne. 

Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

Friday 14 July 2017


Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn […]

Wy bouwe Obe

Tuesday 11 July 2017


Lân fan taal bout Obe op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. Obe is in ynteraktyf besikerssintrum foar taalbelibjen, ûntwurpen troch arsjitekt Powerhouse Company. Boubedriuw Lont is ferantwurdlik foar de bou fan OBE. Wy folgen it proses op de foet mei in rige fan alve koarte filmkes troch Eduard Rekker en Johannes Keekstra.

Lân fan taal op Europeesk poadium

Friday 9 June 2017


Lân fan taal stie fan ‘e wike as foarbyldprojekt fan LF2018 op de aginda fan in ynternasjonale konferinsje yn Soraga, Itaalje, organisearre troch de NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity).

Meartalige oankundiging fan berte OBE

Wednesday 19 April 2017


OBE is de definitive namme foar de Taalekspo op it Âldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it sintrum foar taalbelibjen. Deputearre Sietske Poepjes makke dat hjoed yn de Âldehou bekend, by in meartalige ôftraap fan Lân fan taal.

Bliuw op de hichte