Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei ynstallaasjes mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Iepen programma

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Yn 2017 kent de provinsje Fryslân sels in spesjale LFT-subsydzjeregeling. Ut de earste ronde binne al 7 grutte en 6 lytsere aktiviteiten fuortkommen dy’t op finansjele stipe rekkenje kinne. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Keunstynstallaasje Tim Etchells

Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, rinkeljende telefoans en persoanlike boadskippen!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

DNALWD2018

It ferhaal fan Ljouwert? Dat wurdt ferteld troch al dy minsken dy’t harren spoaren yn de stêd achterlitten hawwe. DNALWD2018 sammelet dizze ferhalen. Elkenien dy’t wat mei Ljouwert hat, kin hjirfoar wat fan syn DNA jaan. Gjin echt DNA fansels, mar eat wat te krijen hat mei ús stêd of mei dysels. In persoanlik ferhaal, […]

Friezen om utens

Wat is de taal fan it hert fan Friezen dy’t – somtiden al lang lyn – nei it bûtenlân emigrearre binne? Do kinst it ûntdekke op de regionale telefyzje, op skerms yn it Lân fan Taal en fansels online.

8ste dei

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte