
Keunstynstallaasje Tim Etchells
Haadprogramma
Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, telefoans en poëtyske boadskippen!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou
Haadprogramma
As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

8ste dei
Byprogramma
Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!