Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Feest fan taal!.

Hiel 2018 is Lân fan taal al in frijsteat foar álle talen fan de wrâld. Wy fiere de taal mei – meastentiids fergees tagonklike – festivals, projeksjes, eksposysjes en aktiviteiten. Lân fan taal is ek ûnderdiel fan de Re-Opening fan LF2018 en hat in moai programma yn novimber!

alle to/fr/sa/sn o/m 25 nov, Aldehoustertjerkhôf, Leeuwarden
Libbensgrutte projeksje
De Aldehou is it unike projeksjeskerm foar de koarte, muzikale film ‘1954 – We zijn er bijna’ fan VANTA, WERC Collective en Fresku. Alle wykeinen om 20.00 oere.

5 o/m 11 nov, Ljouwert
Taal tidens Noordelijk Film Festival
Boartsje mei taal! Op it NNF kinne bern stop-motionfilmkes oer taal meitsje en geane skriuwers/performers oan ‘e slach mei taal-filmargiven út Noard-Nederlân.

wo 7 nov, Aldehoustertjerkhôf, Leeuwarden
Alle projeksjes op 1 jûn
Op it Noordelijk Film Festival kinst de fjouwer Aldehou-projeksjes efter inoar sjen. Mei neipetearen yn Obe. Nim sels in lisstoel en tekkentsje mei!

wo 14 nov, Ljouwert
Sympoasium 2018x Underwiis
In spannend wurksympoasium oer it yn it ûnderwiis trochsette fan de enerzjy fan 2018.

to 15 nov, Ljouwert
Taaltoer
In ferrassende tocht-mei-gids, wêrby’st by bysûndere plakken yn de binnenstêd lâns komst. Tema: ‘Personifikaasje’. Meld dy foarôf fergees oan! Beheind plak.

11 nov o/m 8 des, Obe, Ljouwert
Citybooks
Eksposysje fan de portretten dy’t seis skriuwers en byldkeunstners yn 2018 fan Ljouwert makke hawwe. Op 22 novimber binne in tal keunstners live oanwêzich.

15 o/m 17 nov, Westertjerke, Ljouwert
Liquid Loft – Church of Ignorance
Seis dûnsers fan dit treflike Eastenrykse selskip nimme dy mei op in mysterieuze reis. De bûtenfersy wie de suksesfolle iepening fan Oerol 2018!

17 & 18 nov, Skylge
Pinebúk-wykein
Twa folslein fersoarge dagen by Folkshegeskoalle oer de dialekten fan Skylge. Mei lêzings, fertellings, film, in kuier en it geastige toanielstik ‘Pinebûk’.

19 o/m 23 nov, hiel Fryslân
Ferhalefjoer
Fryske basisskoallen hâlde ferhalejûnen en fertelmiddeis (om it kampfjoer hinne). In part is foar in breed publyk tagonklik.

22 o/m 24 nov, Ljouwert
Festival Explore the North
In wintersk wykein fol ynternasjonale muzyk, ferhalen en byldzjende keunst. Do dwaalst troch de binnenstêd en genietest fan optredens op de moaiste plakken!

ti 4 des, Obe, Ljouwert
Stimmen-lêzing
Populêrwittenskiplike lêzing troch Ryksuniversiteit Grins oer meartaligens en de harsens.

> Komplete aginda fan Lân fan taal <