Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Fergees: Groep 8-musical foar Fryske basisskoallen.

[PARSEBERJOCHT] – Yn opdracht fan Lân fan taal hat komponist/muzikant Peter Sijbenga in komyske musical skreaun foar groep 8. It skript en de muzykbestannen fan ‘Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam’ kinne fergees download wurde op lanfantaal.frl/musical.


Yn de musical, wêrfan sawol in Frysktalich as Nederlânsktalich skript beskikber is, wurde Meertaliërs konfrontearre mei Bretaal. Dit personaazje (of binne it der mear?) doart fragen te stellen wêrfan de antwurden net op foarhân bekend binne. De klassen dy’t oan de slach gean mei de musical wurde noch fierder útdage: yn de musical sit in soad romte foar eigen ynbring. Ek op it gebiet fan rollen en dekôr kinne skoallen harren kreativiteit kwyt. By de musical sit in hantlieding/lesbrief mei in soad tips en skoallen kinne op oanfraach mear advys en help krije. De musical is ek geskikt foar ûnderbou fuortset ûnderwiis en jeugdteäterskoallen/selskippen.

De musical is skreaun en komponearre troch multy-ynstrumintalist Peter Sijbenga (Ljouwert, 1964). Nei in lanlike karriêre as sjonger/bassist fan punkband It Dockumer Lokaeltsje is Peter stadichoan útgroeid ta in faak frege komponist foar teäterproduksjes. Hy skreau ûnder mear de muzyk foar Tryater-produksjes ‘Ronja de roversdochter’, ’11stêdetocht’ en strjitte-opera ‘De IIsfoarstin’. Foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd skreau hy mei oan de muzyk fan de offisjele iepening en sette hy foar it Noord Nederlands Orkest de Matthäus Passion oer nei it Frysk.

> Lês mear oer dizze musical en download it materiaal!

nijs |