Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei festivals mei trefwurd 
Iepening Lân fan taal.

It earste wykein fan febrewaris giet Lân fan taal iepen! De frijsteat foar elkenien en alle talen. Kom nei Obe, it gloednije taalpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf. Untdek de skatkeamer fan de Fryske kultuer en skiednis yn Tresoar en fyn ferhalen fan Liwwadders yn it gemeentehûs. En der is mear! De earste libbensgrutte fideoprojeksje op de Aldehou giet yn premjêre en mei Explore the North organisearje wy in minyfestival yn de Prinsetún! Alles is fergees tagonklik.


Projeksje op de Aldehou
Yn 2018 is de Aldehou it dekôr foar ymposante, meartalige fideokeunstwurken. De earste produksje is ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’ fan dichter Tsead Bruinja (tekst en stim), sjonger/ kabaretier Herman van Veen (muzyk en stim) en keunstner Jules van Hulst (fideo). Sy roppe mei metersheech byld en monumintaal lûd in tydlik lânskip op wêryn’t de wyn flarden ferhaal feroarsaket en personaazjes eksistinsjele fragen stelle. Sykje in plak op de tribune fan Obe of op it Aldehoustertsjerkhôf en reizgje mei!

  • Premjêre: freed 2 febrewaris 20.00 oere (tip: kom om 19.45, eintiid: 20.20 oere)
  • Ek te sjen op sneon 3 en snein 4 febrewaris en alle to/fr/sn/sn oant 9 april 2018


Fergees minyfestival

Fuortendaliks nei de premjêre fan de projeksje begjint in fergees festival. Yn Obe ûnderfynsto de taalynstallaasje ‘In So Many Words’ fan de Britske keunstner Tim Etchells en yn it gemeentehûs is it buiskes-keunstwurk fan DNALWD2018 te sjen. Tresoar barst foar Lân fan taal út ’e foegen fan de eksposysjes en multymediale taalkeunstwurken! Yn de Prinsetún komt Explore the North op in tal boaten mei in (mear)talich programma. Op freed genietesto der fan muzyk en literatuer en op sneon hearsto sa’n tweintich sprekbeurten troch bekenden en ûnbekenden. Op snein kinne bern yn in keunst-taal- laboratoarium taal ûndersykje en presintearje.

  • freed 2 febrewaris / 20.30-00.00 oere
  • sneon 3 febrewaris / 10.00-00.00 oere
  • snein 4 febrewaris / 10.00-18.00 oere


Waterlicht

Op it Wilhelminaplein kinsto fan 1 o/m 3 febrewaris tusken 16.30-23.30 oere genietsje fan ‘Waterlicht’, in firtuele en poëtyske oerstreaming fan keunstner Daan Roosegaarde.