Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Gedichtynstallaasje op Explore the North.

Fan freed 24 oant en mei sneon 25 novimber is de 5e edysje fan Explore the North. It festival brûkt de binnenstêd fan Ljouwert as poadium foar skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs út alle wynstreken. Lân fan taal traktearret de besikers op meartalige flarden út it spesjaal foar Lân fan taal troch Maarten van der Graaff skreaune gedicht ‘De dei dat it argyf iepengong’.

De Blokhúspoarte yn Ljouwert is startpunt en festivalhert fan Explore the North. Yn de poarte nei it twadde binnenplak fan de finzenis fan eartiids, kinsto as besiker rigels hearre út it gedicht fan Van der Graaff. Op in ynfoboerd lêst do de earste strofe.

Lês hjir it hiele gedicht yn fiif talen (Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Catalaansk en Arabysk)

Beharkje hjir de flarden:

Ek op Explore the North:

Kop & Schaduw
Efkes yn alle rust meimerje oer de saken fan it libben? Kom yn de Blokhúspoarte lâns by ‘Kop & Schaduw’. Yn in anonime omjouwing moetest in dichter. In keunstner bringt it petear yn byld, wêrnei de drukkers fan de grafyske wurkpleats in unyk en persoanlik oantinkensprintsje meitsje. In gearwurking fan Lân fan taal, Explore the North, Grafisch Atelier Friesland & Welcome to the Village.

It Alfabet-projekt
Alle dagen is fan 11.00-16.00 oere fergees it Alfabet-projekt te besjen yn it skip de Eestroom oan de kade fan Proefverlof. 21 Keunstners hawwe harren eigen artistike draai jûn oan it Fryske alfabet. In gearwurking van de moanne mei Lân fan taal en Explore the North.

Besjoch it hiele festivalprogramma & keapje tickets

nijs |