Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Programma iepening Lân fan taal.

It earste wykein fan febrewaris iepenet Lân fan taal mei in fergees tagonklik festivalwykein. It begjint op freedtejûn mei de premjêre fan ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’, in meartalige fideoprojeksje op de Aldehou. Op sneon 3 febrewaris hâldt Tresoar iepen hûs en op snein 4 febrewaris foeget DNALWD2018 in bysûnder ramtwurk mei buiskes ta oan it DNA-keunstwurk. Yn de Prinsetún set freed it ‘Spreekbotenfestival’ útein, dat yn gearwurking mei Explore The North organisearre wurdt en oant en mei snein duorret.

Projeksje op de Aldehou
Fideokeunstwurk ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’ is in gelegenheidsgearwurking, spesjaal foar Lân fan taal. Dichter Tsead Bruinja skreau de tekst en sjonger/kabaretier Herman van Veen komponearre dêr elektroanyske muzyk by. Keunstner Jules van Hulst makke op syn bar de bylden, ta snijd op dy muzyk. Herman van Veens reaksje op de bylden: “indrukwekkend, bizar helder, past als een hand”. Bruinja hat de tekst dy’t hy skreau foar ‘Foarlopich lân’ opnommen yn syn nije, twatalige bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok’, dy’t hy 2 febrewaris nei ôfrin fan de premjêre presintearje sil. Sykje in plak op de tribune fan Obe of op it Aldehoustertsjerkhôf en reizgje mei!

Fergees minyfestival
Fuortendaliks nei de premjêre fan de projeksje begjint in fergees festival. Yn Obe ûnderfynsto de taalynstallaasje ‘In So Many Words’ fan de Britske keunstner Tim Etchells en yn it gemeentehûs is it buiskes-keunstwurk fan DNALWD2018 te sjen. Tresoar barst foar Lân fan taal út ’e foegen fan de eksposysjes en multymediale taalkeunstwurken! Yn de Prinsetún komt Explore the North op in tal boaten mei in (mear)talich programma.

> In kompleet tiidskema is hjir te downloaden!

> Toelichting sprekers za-avond (yn it NL, sorry)

Sprekboatefestival yn de Prinsetún (freed/sneon/snein)
Op en om boaten en yn De Koperen Tuin programmearret Explore the North muzyk, literatuer en in searje sprekbeurten. Under oaren skriuwster/ferslachjouwer Nynke de Jong is te gast. Ek Tsead Bruinja makket diel út fan it festival. Explore the North hat op freedtejûn ‘The Jerry Hormone Ego Trip’ programmearre, in band dy’t Nederlânsktalige ferskes sjongt oer ûnder oare de ‘Kaketoekan’, in medisynman en suskes fan freonen dy’t ûndogensk binne. Oanslutend spylje en sprekke mear muzikanten en dichters en draait in DJ oant midnacht. Op sneontejûn giet it festival fierder en fertelle ûnbekende en bekende sprekkers oer wat harren bûtengewoan fassinearret. Besikers rinne fan boat nei boat en litte harren ynspirearje troch 15 minuten duorjende sprekbeurten. De ûnderwerpen binne ferskaat, fan ‘Blind vertrouwen op mijn geleidehond’ oant ‘Billie Holiday’ en ‘Hoe muziek werkt’.

Op sneintemiddei 4 febrewaris feroaret de Prinsetún yn in ‘kunst-taal-lab’ foar bern. Sy meitsje ûnder begelieding fan taalleafhawwers yn trije stappen in sprekbeurt. In sintugekast jout ynspiraasje en in grut rêd jout in ûnferwachte draai oan elk ferhaal. Nei it ûndersykjen en meitsjen, meie bern it presintearje op teäterskip de Bald’r. Harren koarte sprekbeurten wurde oaninoar praat troch akteur Karel Hermans. Tuskentroch fertelt Peter Sijbenga oer de groep 8-musikal dy’t hy skreaun hat, praat Tim Laning fan Grendel Games oer games en is der in koarte rap-ymprovisaasje-foarstelling te sjen. Yn it gemeentehûs sil om 13.00 oere it buiskesramtwurk fan de OBS Montessoriskoalle yn it DNALWD2018-keunstwurk pleatst wurde. Dizze skoalle hat yn 2016 meiwurke oan de alderearste DNA-pilot.

Iepen hûs Tresoar (op sneon)
Sneon hâldt Tresoar oerdei iepen hûs. De poëzymasines dy’t hiel 2018 draaie sille, wurde yn gong set, der wurde minykolleezjes jûn en it Histoarysk Reisburo wurdt iepene. Trochrinnend kinne kreative âlden en bern by Poëzyfantasy terjochte. It iepen hûs slút ôf mei in Literêre peepshow. Lês mear

Lokaasjes en tiden
freed 2 febrewaris
20.00-20.20 oere: Premjêre projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf
20.30-22.00 oere: Obe, Tresoar en gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
20.30-00.00 oere: ‘Spreekbotenfestival’ yn Prinsetún (3 boaten en De Koperen Tuin)

sneon 3 febrewaris
10.00-17.00 oere: Gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
10.00-21.00 oere: Tresoar en Obe iepen
15.00-18.00 oere: Iepen hûs yn Tresoar
19.00-00.00 oere: ‘Spreekbotenfestival’ yn Prinsetún (3 boaten en De Koperen Tuin)
20.00-20.20 oere: Projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf

snein 4 febrewaris
10.00-18.00 oere: Obe en Tresoar iepen
12.00-17.00 oere: Gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
13.00-17.00 oere: ‘Spreekbotenfestival’ mei kunst-taal-lab yn Prinsetún (3 boaten)
20.00-20.20 oere: Projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf

Alles is fergees tagonklik. Kom by de boaten fan it Sprekboatefestival op ‘e tiid, want fol=fol.

Tip! Waterlicht
Op it Wilhelminaplein kinsto fan 1 o/m 3 febrewaris tusken 18.30-23.00 oere ek genietsje fan ‘Waterlicht’, in firtuele en poëtyske oerstreaming fan keunstner Daan Roosegaarde. Moai te kombinearjen mei dyn besyk oan de iepening fan Lân fan taal.