Hybridauth configuration error.

Original error message: Hybridauth requires the use of 'session_start()' at the start of your script, which appears to be disabled.

Trace

#0 /srv/www/public_html/wp-content/plugins/bwh-social-login/hybridauth/Hybrid/Auth.php(117): Hybrid_Storage->__construct()
#1 /srv/www/public_html/wp-content/plugins/bwh-social-login/hybridauth/Hybrid/Auth.php(55): Hybrid_Auth::initialize(Array)
#2 /srv/www/public_html/wp-content/plugins/bwh-social-login/bwh-social.php(212): Hybrid_Auth->__construct(Array)
#3 /srv/www/public_html/wp-content/themes/lft/header.php(22): bwh_social_login::initialize_widget()
#4 /srv/www/public_html/wp-includes/template.php(688): require_once('/srv/www/public...')
#5 /srv/www/public_html/wp-includes/template.php(647): load_template('/srv/www/public...', true)
#6 /srv/www/public_html/wp-includes/general-template.php(41): locate_template(Array, true)
#7 /srv/www/public_html/wp-content/themes/lft/page.php(14): get_header()
#8 /srv/www/public_html/wp-includes/template-loader.php(74): include('/srv/www/public...')
#9 /srv/www/public_html/wp-blog-header.php(19): require_once('/srv/www/public...')
#10 /srv/www/public_html/index.php(17): require('/srv/www/public...')
#11 {main}
Lân fan taal » Kandidaatstelling

Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Kandidaatstelling.

Wy tinke dat wy in ûnmisbere oanfolling op it besteande netwurk fan literatuerstêden binne, troch ús kennis fan en de plannen foar it stimulearjen fan in goed skriuw- en oersetklimaat. By de kandidaatstelling foar City of Literature kinne wy dêrneist profitearje fan wat wy yn de ôfrûne jierren yn Lân fan taal opset hawwe.

It dragen fan de titel ‘City of Literature’ betsjut dat wy literatuer yn meardere talen yn lange-termyn-plannen en -belied opnimme. Wy leauwe dat dat de wei is nei in iepen en ynklusive mienskip.

Ûnderwerpen
Ús kandidaatstelling rjochtet him op de neikommende ûnderwerpen:
• in better skriuw- en oersetklimaat
• ynternasjonale gearwurking en promoasje
• it omearmjen fan meartaligens
• it stimulearjen fan taalwille
• it tsjingean fan in beheinde taalfeardigens
• sichtberens fan (de Fryske) taal

Proseduere
In kompakt team hat dizze ûnderwerpen yn de ôfrûne perioade yn in programma útwurke. De útgongspunten, doelstellings en plannen binne yn juny 2019 yn de foarm fan in wiidweidich frageformulier nei UNESCO gien. Ein 2019 witte wy oft de titel ‘bemachtige is’. Meardere stêden kinne oan de kring fan literêre stêden tafoege wurde. De konkurrinsje is stevich. It tal leden is de lêste jierren sterk groeid, wêrby’t stêden yn sintraal Europa ryklik fertsjintwurdige binne. Wy binne der lykwols fan oertsjûge dat wy mei ús deeglike ûnderfining en moaie plannen in serieuze kâns meitsje!